Wite maffia

Dizze dialooch wol neat sizze oer de kapasiteiten fan de suster, sy docht har bêst.

'Witte jo hoe't it mei him is?'
'Ik heb vandaag al met de eerste kontaktpersoon gesproken.'
'Dat soe bêst kinne, mar...'
'En ook met een broer?'
'Ek mooglik, mar ik bin hjir no, sjoch.'
'Misschien kunt u kontakt opnemen met...'
'Ik stean hjir, dêr leit er en ik wol graach witte hoe en wat!'
'U, eh, u klinkt behoorlijk, hoe zal ik het zeggen...'
'Kom ik der ek noch efter hoe't it mei him is?'
'Dokter komt morgenvroeg langs, dan weet u, eh, ik bedoel dan weet meneer meer.'
'Hy sit ûnder de morfine, as jo tsjin him sizze dat er no in sturt hat, leaut er it ek.'
'Mischien is het dan goed dat u er dan ook bent?'
'Okee, hoe let?'
'Rond acht uur.'
'Dan mei ik hjir net komme, dan is it gjin besitetiid, sa waard ik lêstendeis ôfpoeiere.'
'Ik zal kijken wat ik...'
'Ja, dat sil wol.'

Dokter is God de Hear, frij of in dei te pierewaaien, suster mei neat sizze, bern witte neat en fierder giet it no ek net sa't ik it graach woe. Hoe komme jo der efter, wa moatte je oansprekke, hoe brekke je troch de muorre fan de wite maffia hinne? Tips: graach!

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen