Sinnedepresje

As ik út it rút fan myn riante kantoar (lês hokje) sjoch, waait der fan alles foarby. De tichte, hege wyn nimt alle blossem mei. Dat is skande, want dy blomkes binne der noch mar krekt. Wy ha in pear fan dy sierbeamkes, freegje my net hoe't se hjitte, en dy sieten in dei as wat lyn noch stiiffol. No komme de blêden der troch en hup: fuort mei de blomkes. Minder as fjirtjin dagen is it libben fan in blomke oan in maitiidsbloeier.

Yn de krante stie dat guon minksen lêst ha fan in sinnedepresje. Healbleate liven soargje derfoar dat se it leafst weikrûpe yn in skaadryk hoekje mei in boek. Dat lêste is fansels in goed ding, ik ha noch wol in titel dy't ik se oanriede kin, mar hawar. Ik kin my der wol yn fine. De sinne is der amper troch of je sjogge it ferskynsel, of je no wolle of net. En wêr ha ik it dan oer: âlde mantsjes dy't it bloeske útdogge en mei de bleate bast neist mem har blomkejurk fytsen gean.
Werlik net om oan te sjen. Meastal sa brún as in neger (of mei dat wurd net mear?) en brânmeager.
En dan ha ik it noch net oer de Rubensfroulju. 'Knap hear, dat se op dy leeftiid noch in legging oan docht.' Asjeblyft, doch it net! It trillet, it lillet, it bongelt, it jout hast lûd, al dat oerstallige fleis. Dat it der is? Okee, mar wêrom yn de frede moatte wy der nei sjen? Ik hâld myn bloeske oan, Johan Veenstra en de oare minsken dy't op de presintaasje fan It dak fan de wrâld wienen, witte wol werom.

Ik wol der noch in anekdoate oan taheakje, in swimbadferhaal. Jimme witte dat moarnsier it wetter yn beslach naam wurdt troch yn it generaal âldere froulju, dy't har baantsjes lûke. Dêrnei begjint it lesswimmen, en dus ferklaaie dy pjutten har tagelyk mei, no ja, dyselden, sis mar. Ik wit noch goed dat der in lyts famke mei in bleek kopke út de klaairomte kaam en tsjin har mem sei: 'Wat ik nou gezien heb...'
'Wat dan?' frege mem. It bern koe it net beskriuwe. Mem hat har in Mars jûn, hiel ferstannich yn it ferwurkingsproses.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen