Rendac up-to-date?

'Verbetering dienstverlening Rendac'

Dat stiet boppe it brief dat ik krige. Ik ha nea wat te kleien hân oer it Stjonkfabryk. Inkelt as it hiel damp waar is en de wyn út it noarden komt wol ik him wolris rûke, mong mei de lucht fan de gersdroegerij yn de Pein. Mar de service? Neat mis mei. No wurdt it dus noch better, hoera! Mar in ein fierder lês ik: 'Binnenkort worden de laadplaatsen waarop al langere tijd niet meer is gemeld uit het telefonische meldsysteem (VRS) verwijderd. Zo blijven onze systemen up-to-date.'

Sjoch, dat is dan wer jammer. Ik bin wiis mei myn fee, en lit se by foarkar net deagean omdat ik dan it systeem fan de Rendac up-to-date hâld. No is Sytske, ús âldste geit, sa njonkenlytsen in jier as 11, dus stel hy soe de holle der bydel lizze. Ik mei hoopje dat ik dan net yn in callcentre bedarje omdat ik earst in nije account oanmeitsje moat. €0.10 sint de minút en folslein oerstallich.

Wy steane no as net geregelde klant te boek by de Rendac, wat is der mis mei om dat sa te hâlden? As se te dreech dogge stek ik Sytske sels de grûn wol yn. Mei earmerk. Want dêr bin ik hiel goed yn.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen