Red Rum

Ha jimme it ek sjoen? Ien kear yn it jier sit ik foar de tillevyzje om nei de Grand National te sjen. Flak by Liverpool leit it Aintree hynstesport sintrum, en dêr fleane in stik as fjirtich hynders oer hege hagen yn de langste koers fan it jier, mei de heechste hindernissen. Dit jier kamen der 19 oer de streek. It lot fan de oaren wie wikseljend. Twa dea, in rider yn coma en noch wat lek en brek. 250 miljoen Ingelske spikers waarden fergokt, yn ien middei. Dêr koe Wolvegea in jier as wat mei foarút.
No rinne de emoasjes heech op, want de hynders waarden om twa hindernissen hinne laat. Efter dy obstakels leine nammentlik de kadavers fan de beide ûngelokkige bisten, ûnder in kleed. (ien de nekke brutsen, de oare de rêch)
De BBC wurdt der no fan beskuldige dat se de race moaier yn byld bringe wolle dan dat it werklik is, mei deaden en ferwûnen.
33 deade hynders yn 11 jier. It is wêr't je fan hâlde. Wy ha hjir de Partij foar de bisten, mar yn Ingelân beskôgje se dat as in aai sûnder sâlt. Slappe hap dus. Dêr hast bisteterroristen, dy't net foar geweld en yntimidaasje omlizzen gean. Jo kinne wol neigean hoe't dat folk oer de Grand National tinkt.

Oar jier sil der wer in Grand National organisearre wurde, al wie it mar om Red Rum yn eare te hâlden. In hynder dat it klearspile om dy koers trije kear te winnen, en dêrfoar in standbyld krigen hat.
Terjochte of net? Der is in grutte kâns dat ik oar jier wer nei de Grand National sjen sil. Foar Red Rum.

 Red Rum statue

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen