Prostitúsje

Ira Judkovskaja en har selskip fersus 'ús' Halbe Zijlstra.

Bilker pakt it net goed oan fansels, jo moatte de prostitúsje yn om te oerlibjen. Josels oanbiede binnen de Gooische Grachtengordel. Alle yngredienten binne der. Allochtoane artistyk lieder fan in noch folle allochtoaner selskip, út Fryslan nota bene.

De lobby moat dus yn de rjochting fan De Wereld Draait Door. As it Bilker slagget om Ira dêr in kear as wat oan tafel te krijen, mei it fierders gjin probleem mear wêze. Miskien in petear yn Pauw en Witteman tusken de bedrige klup en Halbe, hilariteit alom, want allegearre ha se wat mei dat nuvere Frysk, dat is de goede rjochting. Dêr moat it hinne. Net lûdop raze yn de ferskuorrende stilte fan de provinsje, want dêr litte se je om sjippe gean om dêrnei te sizzen: dochs wol skande dat it der net mear is.

It publyk efter jo krije, dêr giet it om. Want: Halbe sei: Gjin publyk? Gjin sinten. De simpele útlis fan in wrâldfrjemde sanearder.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen