Offalputsje of Alaska

No, dêr binne we dan mar wer moai klear mei. It haadstik Magda Berndsen en de troch har sels wat oandikke leanstrookjes is noch net sletten, of we krije wer in preamkeskower. Immen dy't earst twittert en der dan efterkomt dat it dochs oars sit. Lokwinske Fryslân, wy ha der in nije topper by!
Gerda Dijksman, se liket yn de fierte ek noch wat op Berndsen. Witte jimme hoe't har namme is op twitter? Grotedame. Sil ik dêr dan mar neat oer sizze?

Yn frijwat minne films yn de USA wurde guon dy't der in soadsje fan meitsje gauris 'fuortpromovearre' nei Alaska. Dêr kin in blyn hynder gjin skea dwaan, sa is de útlis.
Wurdt Fryslân it ôffalputsje fan Nederlân? Litte we ús dan mar Frylaska neame. De hynders binne der hast.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen