Nije klassikers

Fansels falt oer smaak net te... Krekt. Mar as je de top 2000 fan de ôfrûne jierren trochrinne, falt it op dat der net folle nij wurk yn stiet. Dat kin mei de leeftyd fan de stimmers te meitsjen ha, mar ek mei wat sjoen wurdt as in klassiker.
Resinte nûmers dy't it wol helle ha? Clocks fan Coldplay, Drops of Jupiter fan Train.
Gjin Marianne Weber, Jannes, Auke, Bouke, Sjouke en wit ik hoe't al dat folk hjit tsjintwurdich. Kwaliteit yn nije musyk is faaks fier te sykjen.

Mar ik foarsis jimme: we ha der wer ien. In nije klassiker. Al dy rappende jonges en al dy mei harren fleis skodzjende healbleate froulju wêrfan't de jeugd tinke moat dat dat de standert is, ha fette pech. Sy sille nea wer yn in list foarkomme. Mar dizze dame wol. Sy hat net de ideale maten fan MissDK, mar kin echt sjonge, boppedat makket se moaie nûmers.

Ein desimber te hearren yn de top 2000, en heech ek noch.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen