Mos op de trekker

Moarns ha je sa jo rituelen. Ik rin meastal mei de earste peuk fan de dei (dat is de lekkerste!) in slach troch de skuorre, stek de holle efkes bûtendoar om te fielen oft de wintertrui noch oan moat. En doe seach ik it. Mos op de trekker! Sjoch, de ferhâldings binne helder: de auto stiet bûtendoar, mar myn trekker mei ûnder dak stean. Droech.
Heartiids sieten der protters ûnder de pannen fan it foarhûs. Mar sûnt we in reade boarre ha, wolle se dat wol litte. Hy is der fûl op. Yn in pear tellen hipt er fan de grûn op de skutting en sit er yn de daksgoate. Dat is moai, want protters meie by my wol in nêst ha, mar leaver net boppe de sliepkeamers. Je krije bytiden gjin wink yn de eagen, sa'n lawaai ha dy kringen. No ha se ûntwyk socht by it ûleboerd, en rûgelje mei mos tusken it reid en de panlatten troch. Op myn trekker, dus. No, ja, lit se mar. It is foar harren te hoopjen dat de kat fan de buorren it net sjocht, dy is noch dryster as dy fan ús, en rint as in toudûnser oer de naald fan harren hûs hinne-en-wer.
Strekking fan dit ferhaal: it is maitiid.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen