Linda

It is maklik, seure oer de lintsjesrein, dat jou ik daliks ta.
Mar yn de goedichheid, wêr hat Linda de Mol no in lintsje oan fertsjinne? Der stie yn de krante dat har glossy it bêst ferkeapjende blêd is. Dat foarseit net folle goeds. In wike of wat lyn, foel er op de matte, in trouwe folger fertelde my dat ik him fêst yn de postkoadelotterij wûn hie.

Der stie neat yn dat blêd. Werklik hielendal neat. Dus dêr krije jo foar in part in lintsje foar? Dat hâldt yn dat it gros fan de lêzers dus it leafst neat lêst, mar swimeljend nei breameagere modellen en Italjaanske memmepopkes sjocht dy't in fleske rûkersguod troch in torso sûnder boarsthier oan de man-frou bringe wolle.

Linda de Mol in lintsje, de wearde dêrfan sakket mei it jier.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen