Kont yn de broek

Nijsgjirrich ferhaal fan Teunis Piersma by de omrop. Hy fergelike it ôfbraakbelied fan de regearing mei de byldestoarm en de boekferbaarnings. No bin ik fansels poer op it lêste tsjin, teminsten, se meie se wol ferbaarne, as se earst mar kocht en betelle binne. Mar dat is eigenbelang.

Kearn fan it ferhaal wie, dat je yn in jier ôfbrekke kinne wat jierren koste hat om op te bouwen. Ik moast efkes oan de sútelaksje tinke, sorry, koe ik neat oan dwaan.
As ik my behein ta de boeken, hoopje ik dat de ynfloed fan de FNP yn it nije bestjoer fan Fryslân, hoe lyts miskien ek, dochs wat dwaan kin oan de ôfbraak fan stipe foar it útjaan fan Frysk wurk. De nije deputearre hat jammer genôch net kultuer krigen, dat doarde it CDA net oan, bin ik bang.

De stipe foar Fryske (en streektaal) boeken fan de provinsje is yn jild útdrukt op de totale begrutting lytser as in bultsje miggestront op in wyt A4 papierke. It wie symboalpolityk om dêr oan te sitten. Twa ton by de ynrjochting fan bygelyks it Saailân? Wurdt net oer praat. Mar dit moast en soe.

Oprop oan Johannes (want ik mei him by de foarnamme neame, sei er tsjin my op twitter): Lit dan no ek sjen wêr't de FNP foar stiet, en lit dy net ûnderskite troch dy fergaderboer út Hartwert.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen