Knyflok

Berjocht yn de LC fan sneon: Meiwurkers fleane elkoar oan. Wat is der oan de hân?
It nije wurkjen hat nota bene yn Grins syn yntree dien. By de belêstingstjinst. Dêr sil ik fierders neat oer sizze, want dan smite se my noch mear fan dy blauwen yn de gong.

It nije wurkjen dus. Ik sil jimme daliks sizze dat it my net goed taliket. Plan is, dat je eltse dei op in oar plak oan in buro oanskowe om je wurk te dwaan. Dêr sil grif yngreven en djoer ûndersyk nei dien wêze, mei dizze útkomst.
Ik bin in praktysk minske, en wit dat feroarings tiid nedich ha om yn te slypjen. Dat is dus de earste oeren byprate oer wêr't se juster mei praat en njonken sitten ha. Oer de knyflok dy't de foarrige dei bedoarn hat, omdat de oerbuorman as in húskedobbe út de mûle stonk. En mear fan soks.
As je moarns wekker wurde mei de wittenskip wat je dwaan moatte, hoe't jo wurkplak der út sjocht, wa't njonken jo sit en, belangryk, dat je daliks neidat de kompjûter oan stiet oan it wurk kinne, hat syn foardielen.
No alle gekheid op in stokje, it is by de belêstingen no net in oase fan rêst, se rinne efter en der wurde flaters makke. Lit dan ditsoarte heechdravende plannen wachtsje oant de saak op oarder is, flean elkoar dêrnei mar yn it hier en jou immen in wan bruien, as jimme dêr aardichheid oan ha.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen