Kanon!

Blinder, it wie wer in spannend wykein foar de oardehânhavers. Se moatte wol tocht ha dat dy rednecks út de Wâlden rjochtdei hâlde woenen. Mei swier materieel op in paad yn Dokkum, Libie is der neat by. En alles neffens it boekje fansels: ien foar ien as makke skiep út de kroech komme graach, dan kinne wy jimme op bazoeka's kontrolearje.
Skande, neat fûn. Maaaaar: doe kaam it. Yn in yn it kader fan it ûndersyk net neier te neamen fiertúch (wy neame dat auto) waard de fynst fan it jier dien. In Sinesappelkanon!!!! Daliks de terrorist yn de boeiens slein fansels, en mei grut fertoan fan macht opbrocht nei it buro. Dizze litte we net wer gean.

En doe kamen se thús by moeder de frou. 'En? Hoe wie it op it wurk?'
(Gewichtich gesicht) 'Drok.'
'Noch wat boeven oppakke kinnen?' (Se binne al in jier as wat by elkoar, mem snapt it hielendal)
(Noch gewichtiger gesicht) 'Ien mei in kanon!'
'Soa, hokker kaliber?' (Mem moat ferplicht meisjen nei dy B-aksjefilms)
'No, eh, dat wit ik net.'
'O. Wat koest der dan mei?'

En doe tocht er nei, en sei net it measte mear dy jûn.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen