Hesjes generaasje

As it skimerich wurdt, sjogge jo se foar it ljocht kommen. Guon fleane mei maratonsnelhyd foarby, oaren skommelje as grouwe guozzen. Dy lêste groep mei bliid wêze dat it hast tsjuster is, meastal sjocht it der net út. Te strakke broekjes mei oerhingjende lovehandles. Mar se ha in doel: kilo's kwytreitsje, dus gjin ferkeard wurd dêroer.
De hesjes generaasje. Jakjes, topkes? Ik neam it hesjes. Doe't we noch âld papier ophellen foar skoalle moast ik ek sa'n ding oan. Lokkich namen wy de rûte bûtenút, dat hy hong fluch oan de gemeenteauto. De sjauffeur sei der neat fan, ek net doe't ik in baarnende peuk yn de laadbak smiet. Ik ha der in hekel oan, hesjes. 
Omdat it liif net tefolle útsakje moat, rin ik ek wolris in ein. Dan bejou ik my tusken de hesjes generaasje. Je sjogge se yn ferskate útfierings, mar se ha mar ien doel: opfalle foar de autobestjoerders dy't mei gong nei hûs of in fergadering ride. Ik rin yn myn brune learen jas, mei spikerbroek en swarte skuon. Geregeld flikkerje dy minsken mei de ljochten, om my te fertellen dat se my wol sjoen ha, sels sûnder hesje. Dan stek ik freonlik de hân op en rin troch.
By in dropping binne twa bern deariden. Slim ûngemak, freeslik foar de neibesteanden. Paadfiners wienen it. It haad sei: by in dropping ha je gjin hesje oan. De bestjoerder moast útwike foar in tsjinlizzer op in smelle wei en seit dat er de bern net sjoen hat. It wie skimerich, dus it beroerdste skoft fan de dei om te riden. As je no de reaksjes lêze moatte scouts fan no as ferljochte krystbeammen oan in dropping meidwaan.
Ik ha nea scout west, mar wol speurtochten meimakke. Yn it skimer en yn it tsjuster. Dat is spannend, sels foar de bern fan no. Mar dan moat it wol tsjuster wêze, en wolle je gjin fytsljochtsje oan de earm ha.
Wa hat gelyk? Hoe komme dy bern sa ticht by in dyk? Hie de bestjoerder harren sjoen as se hesjes oan hân hienen? En hie hy of sy dan op tiid stopje kinnen? Dat witte we allegearre net.
Ien ding wit ik wol, ik ha in hekel oan hesjes. En oan deade bern.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen