Grutte wurden

Sitaat fan Robert Veenstra: 'Myn libben is Hearrenfean.' Bart van der Meer ferslokte him hast, hy soe krekt foar de safolste kear syn stopwurdsje 'úteinlik' útkreame, mar wie like ferbjustere as Simone. Dat binne grutte wurden, hear Veenstra. En miskien net hielendal trochtocht. As no moarn de ponge mei sinten fan in hege skoalle earne yn it lân by jo del komt, soenen jo dan net in lyts bytsje yn de ferlieding komme om...
Ik wit it net. Mar om nei in pear jier al te sizzen dat jo libben neist in pear oerkes sliep allinnich mar út Hearrenfean bestiet. Dat komt op my wat iensidich oer. Ik ha no 27 jier in seisoenskaart, as ik goed rekkene ha. Mar myn libben is mear as de klup. Lokkich mar, oars hie ik op it stuit gjin libben.
Der binne noch échte fans. Hear sels mar.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen