Geheimke

Noch in pear dagen, dan mei ik foar de twadde kear in roman presintearje. En dat soks altyd ferassings mei him mei bringt, kaam ik hjoed efter. De mistery guest wie by my op de kofje. No hie ik noch nea in wurd mei dizze persoan wiksele, dus dan is it ôfwachtsjen oft it wol klikt. Ik hie op in healoerke rekkene, mar it waard oardel oere, dus dat koe hinnebruie.
Mar dat der hjir en dêr nuvere ferbinings blykten te wêzen, wist ik net. Ik krige der in kleur fan, mar it wie net slim, sei de persoan yn kwestje. Dus it kin oangean.
En jimme witte folslein net wêr ik it no oer ha. En dat wol ik graach sa litte! Haha!

Reacties

  1. No bin ik fansels tige nijsgjirrich, al haw ik wol in donkerbrún fermoeden wa't de MG wêze kin. Dy stiet net op it listje dat ik krigen ha.
    We sille sjen!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen