Boekpresintaasje

Hoe faak ha jimme in lokwinsk krigen fan immen dy't der net mear is? It mocht my juster barre. Mei in print fan in útbloeide hynsteblom, dy't troch de wyn syn siedsjes foar in part kwyt is. Dy plúskes steane foar de boeken dy't útwaaie, en jo witte net wêrhinne. Dat immen dy't oan de ein fan syn libben wie, hjir noch oer neitocht en oan in famyljelid frege oft hy of sy dat op in kaart sette woe: bysûnder, en ik wie der efkes stil fan. Ik mocht de man graach, hjoed moatte wy him te hôf bringe. Dat is sa't it is. Juster is hjoed net.
O, ja, de boekpresintaasje wie tige slagge, mar dat wie juster. Hjoed is Reinder syn dei. Rêst sêft.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen