Afonso Alves en de hear Spinder

Komt de namme jimme noch bekend foar? Superspits mei in grut probleem. Hy wie en is gjin baas oer himsels. Louche typkes om de man hinne bepale wat er wol en net dwaan mei. In moderne slaaf, sis mar.

Doe´t er by Hearrenfean wei gie, bedarre er yn Ingelân, by Middlesbrough. Foar in dikke bak sinten yn de moanne fuotbalje op it nivo fan pak em beet De Graafschap, of sokssawat. Sympatike klup, mar hotseknots fuotbal. Neat foar Afonso, dy't op it Fean troch Sulemani en Pranjic op de heale meter betsjinne waard en dan dwaan koe dêr't er goed yn wie: goals meitsje. Hjir moast er mei fjouwerkante ferdigeners omwrotte. Eins spuide er derop, mar de sinten, no? Jo dogge wat.

Dat waard dus neat, de djoerste oankeap yn de kluphistoarje mislearre. Dat wie net syn skuld, mar hy paste gewoan net. Doe kamen de aasgieren wer, en betochten wat se no mei him oan moasten. Yn de 'gewoane' fuotballannen wienen se benaud foar harren, útsein Riemer, dy slagge it wol om Afonso syn bloedhûnen de baas te wurden.Mar se woenen net werom, yn it foarste plak omdat se net genôch barre koenen, en dus wie der gjin twadde reden nedich. Want wêr draaid it oars om yn it libben. Dat er by de Godlike Kanarjes siet, waard efkes ferjitten, de skande fan it útlaitsjen troch oaren omdat er by sa'n lytse klup mei in noch lytser salaris siet, dêr draaide it om.

Daar hadden ze dus het volgende op gevonden:
Oaljeboeren út Qatar, dy't fan klearebarre idioatichheid net witte wat se mei de sinten oanmoatte, betochten dat se dêr ek wol in potsje balskoppen organisearje koenen. Sa'n harem ferfeeld ek op it lêst, en as je wat âlder wurde... lit mar.
Jild genôch, freegje it dy polderjonges fan De Boer mar, dy ha ek efkes meipreaun. Dus alles dat krekt net mear goed genôch wie en guon mei ferkearde minsken om har hinne (lês Alves) foarmje dêr no in kompetysje. De Fifa fynt it machtich, want wêr draaid it oars om, as om jild, no?

Ik bin gek, en folgje de measte spilers dy't ea by de SC spile ha. Op de meast frjemde plakken komme jo se tsjin. Finlân en mear net foar de hân lizzende fuotballannen. En Qatar dus.
No bin ik wat ûngerêst, yn de nijste teamlist fan All-Ryann, de klup fan Afonso, mar dat wisten jimme wol fansels, stiet er sûnder rêchnûmer.
Stront oan de knikker, dat mist my net. Der is fêst wer wat west, en no wolle se fan him ôf. No binne we safier hinne dat er nearne mear oan de bak komt.

Ien namme komt yn my op. Spinder. Lit dy ris in loop nei Qatar dwaan. Alves op de Bosk, dat soe wat wêze? Jild is der genôch yn de Harkema, en se binne it foarbyld fan hoe't it net moat, sa seit Drachtster Boys. No, ik soe sizze: Helje Alves, moatte jim sjen hoefolle Drachtsters sneons de wâlden ynride om de iennichste topklasser fan Fryslân yn aksje te sjen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen