2-3

Op in gegeven stuit rekket it je net mear. 2-3 ferlern. No, en? Ik hie in applaus oer foar Geert Arend, dy't spile as in krante, mar wol twa yn in netsje skopte. En neffens my giet it dêr dochs om. It moaste momint fan de jûn wie doe't ik wer yn de auto siet. De wedstriid wie dien en de omrop starte in earste nûmer yn. Bytsje in grapke fan harren, mar wol terjochte: High time he went fan Renée. Opdonderje mei dy trener, fan it momint dat se him oanlutsen ha ik sein dat dizze man net by de SC hearde. Ik mei graach gelyk krije, mar dizze kear hie ik der gjin muoite mei hân as ik it net hie. Op it stuit stean 'we' 12de, mar ik vrees met grote vreze dat salang't dizze bêste man der noch is we gjin potsje mear winne. En wêrom net? Hy past hjir net. Punt. De seleksje is ek net je dat, mar se kinne grif better as hjoed. Dat hat alles te meitsjen mei dat se foar dizze trener gjin stap ekstra sette wolle. As er in keardel is seit er sels dat er it net mear sitten sjocht, mar as er dat net docht is it oan dy folfretten hegeskoallefoarsitter om him de wacht oan te sizzen. En dêrnei mei dy sels ek opstappe. Wy geane it Feyenoord model temjitte. Fan de grûn wer opbouwe. Steve McLaren is noch altyd frij...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen