Resepsje

Litte we foarop stelle dat de PVV in soad nuvere, frjemde en idioate stânpunten hat. Mar as se in resepsje idioat fine omdat it 150.000 euro(!!) kostet, betelle troch de belestingbeteller yn Den Haach? Hoe sit it dan? Ha se dan gelyk, of is it normaal om oardel ton oan hânskodzjen te besteegjen? Neffens in wurdfierder wie it foar alle Hagenezen. Mar dy koenen der lang net yn!
Hjir yn Smellingerlân (sis mar net Drachten) ha se ek sa'n feest. De hiele Lawei ôfhierd, folle en net genôch. Wat it kostet? Ik wit it net, mar der koenen mear as tûzen minsken komme. Rekkenje mar út. De kaarten wienen samar fuort. Gjin wûnder, gewoanwei betelje je al gau 25 euro pp foar in net al te goede foarstelling.
Wat wie der mis mei west as eltsenien moandei op kantoar elkoar it nijjier ôfwûn hie? As ik de sifers leauwe mei hat de gemeente SM rûchwei 55000 ynwenners. 54000 dêrfan meie de kosten foar in part opbringe fan in feest dêr't se net west binne, net komme koenen, net wisten dat it der wie of sa as in soad: fine dat it klearebarre jild oer de balke smiten is.
Mar se ha it ús net frege.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen