No ek al fisken!

Twa dagen lyn hie ik it oer de fûgels dy't hjir er dêr dea út de loft falle. In nij haadstik yn dit ferhaal is dat der no ek deade fisken oanspiele. De Belgyske krante Het Nieuwblad skriuwt dat yn Nij Seelân, Brazilie en opnij de US of A massaal sardines ensafh op de kust oantroffen binne. Net yn blik, mar gewoan dea. De ferklearringen wurde moaier en moaier. Ek Snappers binne de klos. No wit ik net oft jim wolris sjoen ha nei de fiskaventoeren fan Rex Hunt, dy man wie gek op Snappers. It liket wol wat op in snoekbears, sa'n Snapper. Bytsje dikker, mar skynt hiel lekker te wêzen.
Mar Het Nieuwsblad seit ek dat net tsjinsteande in soad teorien, in offisjêle ferklearring fan de oerheden útbliuwt. Kom ik dochs wer werom op de komplotteorie, hearlik is dat. Lit it mar ris yn jim omgean, wat soe der oan de hân wêze?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen