Moaie tiden

Jan van Friesland (whats in a name), haadredaksje fan de Omrop, hat hjoed tasein dat er neitinke en brainstoarmje sil oer mear skreaun Frysk yn de programearring. Der komme moaie tiden oan, bêste minsken. Wêr't in boekpresentaasje al net goed foar is!
No mar hoopje dat it net tefolle oer deade skriuwers gean sil, want dy wurde dochs wol lêzen. Boppedat liket it my lestich om dy live yn de útstjoering te krijen, ist net sa? Reklame wurket, neffens de oanwêzige deskundige op it mêd fan saken yn de merk settte, en hoe soe dy dat no net witte. Nee, ik tink dat de presentaasje fan de sammele wurken fan Steven HP de Jong (whats in a name!) in pylder yn de skiednis fan it skreaune Frysk blykt te wêzen, as der oer in jier as wat op weromsjoen wurde sil.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen