Kobayashi

Elts jier stiet yn de âldjierskrante in oersjoch fan minsken dy't yn dat jier ferstoarn binne. Yn 2011 sil dat grif net oars wêze. Mister Feyenoord, Gerry Rafferty, it begjin is der al wer.
Hjoed hearde ik dat Pete Postlethwaite der ek net mear is. Net omdat syn namme hast net út te sprekken is, mar omdat er prachtich aktearje koe foel er my op. Foar my hie er ien fan de bêste byrollen yn de film The Usual Suspects. Dêr spile er Kobayashi, in soarte fan butler, mar dat kaam oan it ein fan de film pas út. Prachtich plot, yngewikkeld, mar troch it aktearjen fan Kevin Spacey en Pete Postlethwaite fan begjin oant it ein freeslik spannend en ûnderhâldend. Hy komt sa no en dan foarby op de telefyzje, no't Pete der net mear is sille se him ynkoarten wol wer útstjoere. Foar wa't him noch nea sjoen hat: sjen!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen