Hans de Jong

It waarberjocht, we geane oer nei Hans de Jong.

Hans de Jong is der net mear. Jierrenlang wie de boppesteande oankûndiging om efkes oer healwei ienen by ús yn de keuken te hearren. It waar wie Hans de Jong en Hans de Jong wie it waar. Hy wie in autoriteit, in man fan oansjen. Hy sei wat it waar wurde soe en dêr pasten jo je op oan. Wol of net meane? Earst efkes nei it waar hearre. Ek it berjocht út de libbene natuer wie in fêst punt yn syn waarpraatsje. Ien kear ha ik dêrmei de radio helle, dat wie doe't ik in das seach dy't by ús om de kuilbulten hinne skarrele. Doe ha 'k Hans de Jong opbelle, ik sil in jier as tolve west wêze.
Ik ha neat op hjoeddeistige waarminsken tsjin, mar foar my sil it waar altyd Hans de Jong bliuwe. It sil wol yn de namme sitte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen