EK of Oberhof?

As Nederlanner hearre jo dit wykein mei in skaaltsje nútsjes foar de TV te sitten om nei Mart Smeets te sjen. Der wie wer in EK reedriden yn it sfearfolle Collalbo. De omjouwing wie better as it riden, mar ja. Lokkich ha se Anni der by helle, oars wie der hielendal gjin donder mear oan. As sportidioat ha ik al in jier as wat in goed alternatyf foar de einleaze rûntsjes, oanelkoar jeuzele troch dy Drint dy't eartiids ek wolris in streekje sette. Ik sjoch nei Biathlon, op Das Erste. It hiele wykein topsport, dizze kear út Oberhof wei. 25000 man op de tribune en geweldich spannend. Wy ha hjir noch it idee dat riden in wrâldsport is, mar ik soe jim oanriede wolle in kear nei biathlon te sjen, dat is wat oars. De kombinnasje fan skye en sjitten op fiif skiven liket wat frjemd, mar it is prachtich. De kânsen feroarje eltse fiif minuten, en dan ha ik it net oer in pear rûntsjen dy't in tsiende te stadich riden wurde, nee, je kinne foarop lizze en mei in minne sjitbeurt samar in minút ferlieze. Sjoch, dan is der wat te sjen! Nije wike, fan 12 oant 16 jannewaris binne de manlju en froulju yn Ruhpolding, súd Dútslân. Dat leit flakby Salzburg. Miskien dat Anni ek noch efkes oanskowe kin, dat soe hielendal in win win situaasje wêze!
Biathlon hat noch in grut foardiel, it is ien fan de pear sporten wêr it net útmakket oft de manlju of froulju dwaande binne, it is altyd spannend. En beide kearen hoopje je dat de Dútsers ferlieze. Wat wol in minske noch mear?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen