Earme goes.

Der is in protte dat ik net begripe kin. Nim no dy goes dêr yn de hoofdplaats. Dat bist hie lêst fan kâlde poaten, dat snap ik dan noch, omdat er op it iis siet. Gean sels mar in skoft mei bleate fuotten op in skos sitten, dan wolle jo wol omlyk. Ik ha sels ek guozzen, dy sitte winterdeis ek plat op de grûn. Dat dogge guozzen, sa binne se evaluearre. Wa't net evaluearre binne: de minsken. Dy stumpers belje dan helpferlieners, dy't dy goes fan it iis helje moatte. Want it bist hat it kâld. Frjemd, no? Ik ha it neisocht, in brânwachtauto, noch in brânwachtauto, in heechwurker en tsien (!) man personiel. Dy goes sil wol tocht ha, wat is dit hjir foar gedonder, ik ha al sokke kâlde poaten, kinne se my hjir op it iis ek al net mei rêst litte? Hawar, nei in skoft drok oan it wurk west te hawwen wie it hast oan de ultime rêdingsaksje ta. Wat bard? Dy goes slacht de wjukken út en lânet 50 meter fierderop. Noch altyd mei kâlde poaten. Oan ien kant woe it bist wol flokke, oan de oare kant sil er der wol aardichheid oan hân ha. As it aanst wer simmer is, swimt er noflik foar de minsken del en fret har âlde bôle wer op. Of miskien is er dea, dat komt ek foar, sels mei guozzen.
Minsken is nuver guod, as der immen heal dea slein wurdt, rinne se troch en keare it gesicht ôf, mar foar in goes mei de traumaheli komme.

Ps: Ik krij krekt fan in ynformant troch dat se it bist nei de Fûgelhelling brocht ha. Earme goes, ek noch út syn wenomjouwing wei helle...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen