Berlusconi

Lekkere jonge is dat dochs, dy Silvio. Hy hat it fel sa strak lûke litten dat er mear op in perkaminten etalaazjepoppe liket dan op immen oan it haad fan in lân. Mar dat moat er sels witte, as er al dy rimpels net fuorthelje litten hie, wienen dy froulju fan ûnder de tweintich fansels net sa happich west om nei ien fan ome Silvio syn sliepfeestjes te kommen.
Oan alle kanten driget er no in soad frije tiid kwyt te reitsjen oan rjochtsaken, en dat is skande. Wat kinne jo in soad moaie dingen dwaan yn al dy yn ´t foar al ferlerne oeren dy´t sa´n rjochtsaak duorret. En dus betocht ús Silvio in list! Hy kaam op syn eigen TV stjoerder en spruts it folk ta. Dizze kear mei droege eagen leau´k, mar as der triennen by komme moatte? Ome Silvio is fan alle merken thús, hear. It skaaltsje mei sipels wurdt kreas bûten byld holden troch de kameraman.
No fertelde er oan syn ûnderdanen dat er noch nea betelle hie as er mei in frommis ûnder de lekkens strûpt wie. Ja, hallo! Sa kin ik it ek! Party minsken traapje der noch yn ek. Sjoch, as jo as sjoernalist dêrop ynfreegje wolle, binne je by ome Silvio oan it ferkearde adres, en boppedat jo baan kwyt. Sa wurket it.
As sa´n reporter frege hie yn wat foar kreaze auto al dy jonge hittepetitten ride, en dat se ek nochal wat mei goud behongen binne, en hoe kin dat no samar, ome Silvio?
Dat binne kadootsjes, dêr is neat mis mei, wol? Mar betelje? Ikke net!
En al dy Italiaanske memmejonkjes stikem gnize, wat is it dochs in fint net? Dy hat lak oan alles. In foarbyld foar de naasje!    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen