Beebe syn manna

Wolris fan it plakje Beebe heard? Dat leit yn de USA, yn de steat Arkansas. It gat yn de dyk is it, mar de lêste dagen bot yn it nijs. Op âldjiersdei mitere der in kloft klysters út de loft. No wist ik net dat Beebe ferlet fan manna hie, mar it kaam der al. No falle de gelearden oer elkoar hinne hoe oft dit no kin. Fjoerwurk, tongerslach of hagelbui?
De moaiste ferklearring is dat se lêst hawwe soenen fan in trauma. Klysters mei in trauma. It lykje wol Russyske of Sjineeske tastannen dêr. As der yn Sjina in man of fyftich efterbliuwe yn in wrakke koalemyn komt der ek nea in ferklearring foar, meastal witte we it hjir net iens.
As der hjir op âldjiersjûn mei pylken en carbit sjitten wurdt ha ik noch nea sjoen dat der in flecht guozzen nei ûnderen kneppele. Sterker, se fleane rêstich troch. Dus ha ik dy gelearden dêr yn de USA op in piipfol.
As je de conspiracy theories of wol de komplotteory der op los litte, kin der fan alles oan de hân wêze yn Beebe, Arkansas.
Mar klysters mei in trauma? Dat krije se as de kat har efternei sit, net as se rêstich oer Beebe hinne fleane.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen