Aaisykje mei Geert

Oei, no rint it de fêstige oarder tin troch de broek, tinke jim ek net? Geert wol mei ús te aaisykjen, noch efkes en hy folget in kursus by de Afûk! Fryslân hat in status aparte wat de kultuer oangiet, it koe net op foar alle Frysksinnige lju dy't de grutte blonde lieder op de TV seagen. En dy ferhipte ûne dêr by Harns? Slúte dat kring! En ek gjin fersakkings mear, want as it oan Geert leit, is it sâlt op.
Doe kaam it kommintaar, laitsje!
'Oneliners,' neffens Konst.
'De FNP rekkenet der op dat de minsken har ferstân ha,' neffens Toering.
De moaiste: dêr is er wer, ús fergaderboer. 'De PVV is in oanwinst foar it politike fjild...'
Syn stjittroepen wienen al dwaande om de rânestêdpartij (nij wurd!) D66 in hakke te setten troch klaaid yn bûrka's de fergadering te ferbaljen. Alles rint dat it slydjaget, neffens Geert geane we in moaie simmer temjitte.
Tsja... ik sit net yn de organisaasje, mar de kommende sprekker by de betinking fan de slach by Warns? Ynkopperke.
Miskien kin er daliks ek noch part time ús kommisaris fan de Keninginne wurde. O, nee, dat minske mei er dan wer net lije. It is dreech útelkoar te hâlden, hear, dy polityk.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen