Turk, Marokkaan en kroketten.

No't we it dochs oer allochtoanen ha: sa'n tweintich jier lyn barde it folgjende. Oan it begjin fan it libben as wurknimmer bedarje jo op de meast frjemde plakken. Sa ha ik in skoft by in grutte fetsmelter op It Hearrenfean wurke. Margarine ynpakke. Nei in skoft mocht ik ek op de heftruck om pallets it magazyn yn te bringen. Oerdei wie der net folle te rêden, nachts des te mear. Dan begûn it grutte kroketbakken, oant je der mislik en beroerd fan waarden.
Oan de rinnende bân stie ik mei in jonge út Rabat, de haadstêd fan Marokko. Syn namme ha ik nea witten, troch it lawaai yn de hal ha ik, neidat er it trije kear sein hie mar knikt, sa fan ik ha it begrepen. Der stienen yn de regel fjouwer pallets, omdat der fjouwer soarten margarine tagelyk fabrisearre waarden. Wy hienen poatoan om it by te hâlden, mar de kroketten makken in soad goed. Hy spruts floeiend Nederlânsk en we hienen de grutste wille. Smoke as plysjes, wylst dat fansels strang ferbean wie. Op in nacht kaam der ien by, in Turk. Wat we ek besochten, we waarden gjin kroket oan him kwyt. Hy stie oan de bân en wrotte de doazen op de pallets. Nei twa nachten kaam ik der efter dat er fegetarier wie, dêrom woe er gjin bek op de snack sette. As aardichheidsje helle ik de oare middeis in doaze mei fegetaryske kroketten. Doe't myn maat de Marokkaan dat seach betelle er my fuort de helte. Mar it moaste wie dat de Turk my de hiele doaze fergoedzje woe, en dat er súver lilk waard doe't wy mei syn beiden nee skodden. Hy hat de hiele doaze (8 stiks) yn ien nacht opiten. De oare deis hie er in doaze mei sigaren by him, wylst er sels net smookte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen