Posts
Jongesboek, spylje mei in band
- Link ophalen
- X
- Andere apps
Drachten, 2-1-2013. Je soenen sizze, in bloch mei dy datum der boppe sil wol in ferfelend ferhaal oer in nijjiersresepsje wurde. Mar nee, hiel wat oars. Justerjûn wie ik tegearre mei junior al om seis oere yn kafee Scooters oan de Noardkade yn Drachten. Net om ús kroadedronken te sûpen, mar om muzyk te meitsjen. Sûnt in skoft sitte wy op gitaarles, en juster wie der in jûn, organisearre troch de muzykskoalle. Jo koenen yn it iepenbier, en dat is hiel wat oars as op in keamerke thús, in nûmer meispylje yn in echte band! En as der dan trije konservatoarium muzikanten jo op sleeptou nimme, manmanman, wat in feest. In echt jongesboek foar my. Mei de soundcheck hie ik it pikefel al op de earms. It foel my op dat der mear fan myn leeftyd op les sitte, ik tocht dat ik de iennichste mei in midlife crisis wie, mar nee, in feest der herkenning. Der kin net al te folle mis gean, de fersterker net al te lûd, dan falle de flaters net op. Mar wat in machtich gefoel, foar it earst yn...
Posityf op Twitter en Facebook, in goed foarnimmen
- Link ophalen
- X
- Andere apps
Foarnimmens doch ik mar net mear oan. Het vlees is zwak, dus liket it my ûnsin om te tinken dat je dat dwaan moatte. Jo kinne it wol besykje, mar dat is wat oars. Soks kin ek op 25 septimber, of 2 april. Ferline jier hie ik my foarnaam om minder nei it nijs te harkjen en te sjen. Kompleet, mar dan ek kompleet de mist mei yn gien. Ik ha dit jonge jier al in flesse Bearenburch ferwedde. Neffens my win ik dy, dat kin hast net oars. Ien fan myn Twitterfolgers wol dit jier allinnich posityf Twitterje. No, it sil my benije, neffens my kin er wol hast om in flesse út, want soks is net fol te hâlden. Nim no it berjocht dat hjirûnder stiet. Getuigen van een vuurwerkongeluk in Zaandam hebben geweigerd hulp te bieden aan een 12-jarige jongen. De politie vroeg omstanders water te halen om de brandwond van de jongen te koelen, maar aan dat verzoek gaf niemand gehoor. De jongen was geraakt door vuurwerk. In afwachting van de ambulance verzorgden agenten de jongen.(NU.nl) Jo lêze dit en wo...
Unwennich nei 2012
- Link ophalen
- X
- Andere apps
Wylst it yn Verkhoyansk niis -51 graden wie, sitte wy wer yn sa'n typyske Hollânske winter te griemen. We ha krekt in kilometer as fiif te kuierjen west, der drave manlju en froulju yn koarte mouwen oer de dyk. Der leit gjin snie, alles is grien en as it sa troch giet, waakst it gers. Ik wit net, in kreakjende froast sit der leau ik net yn, wylst dat wol goed wêze soe. Efkes de froast der oer, dan is alles wer skjin en kreas. It wetter dript fan de beammen, alles is fiis en damp. Neat foar my. It makket my ûnwennich nei 2012. Witte jim it noch? Iis sa tsjok dat der oer De Tocht praten waard. Ik bûn de redens ûnder op de Feanhoop en die in slach oer Grou, Akkrum en Aldeboarn. Doe oer it Polderhoofdkanaal oer Beets wer op nei it Polderhûs. Lit der asjeblyft in bytsje fan dy Sibearyske kjeld hjirhinne komme. Ik wol ride.
Stikelstekker voor niet Friezen ook toegankelijk
- Link ophalen
- X
- Andere apps
It jier is hast om, dus tiid foar in nij kleurke. En in nije opsje, jo kinne it Frysk oersette. Oft soks mei sil my woarst wêze. Wat jim der fan fine ek. Wy wenje hjir mei wit ik hoefolle nasjonaliteiten, dus as in Nederlânsk pratende en lêzende Drint of Sileen witte wol wat ik oer Grinzers te melden ha, moatte jo se de kâns jaan, of net dan. Foar it oare: in sankje om it jier mei ôf te sluten. Met deze nieuwe optie is dat dus: Het jaar is hebt om, dus tijd voor een nieuw kleurke . En een nieuwe opsje , u kunt het Fries vertalen. Of zoiets met zal mij worst zijn. Wat jullie er van vinden ook. We wonen hier met weet ik hoeveel naarsjonaarliteiten , dus als een Nederlands pratende en lêzende Drint of Sileen witte wel wat ik over Grinzers te melden heb, moet u ze de kans geven, of niet dan. Voor het andere: een sankje om het jaar met of te sluten . No, treflik, net? Haha!
Gjin útlis, net belje
- Link ophalen
- X
- Andere apps
Ach ja, lit ik ek mar in listje meitsje. As Jan en alleman it docht... In listje oer 2012. Wat soe dêr yn moatte? Seis saken dy't ik as posityf betink, de folchoarder is net per definysje goed: 1. Eat dat ik fannemoarn dien ha. (gjin útlis, net belje) 2. Dizze bloch. Ik bin der grutsk op dat safolle minsken dizze side besykje. Ik stean yn gjin inkele list fan Fryske bloggers, en ek dêr bin ik grutsk op. Justerjûn ha ik in sifer twittere, ik sil it hjir nochris opskriuwe. 4634. (gjin útlis, net belje) 3. 15 febrewaris 2012. (gjin útlis, net belje) 4. 1 juny 2012. (gjin útlis, net belje) 5. Myn hûshâlding. (gjin útlis, net belje) 6. In petear op 'e Feanhoop. (gjin útlis, net belje) Fiif saken dy't ik as net posityf betink, de folchoarder is net per definysje goed: 1. It ûntbrekken fan moed by mastodonten om wat te feroarjen. (kin oer belle wurde, better fan net) 2. Rutte, Samsom en it nije kabinet. (net oer belje, myn bloeddruk is no prima) 3. De lockout yn de...