Posityf op Twitter en Facebook, in goed foarnimmen
Foarnimmens doch ik mar net mear oan. Het vlees is zwak, dus liket it my ûnsin om te tinken dat je dat dwaan moatte. Jo kinne it wol besykje, mar dat is wat oars. Soks kin ek op 25 septimber, of 2 april.
Ferline jier hie ik my foarnaam om minder nei it nijs te harkjen en te sjen. Kompleet, mar dan ek kompleet de mist mei yn gien.
Ik ha dit jonge jier al in flesse Bearenburch ferwedde. Neffens my win ik dy, dat kin hast net oars. Ien fan myn Twitterfolgers wol dit jier allinnich posityf Twitterje. No, it sil my benije, neffens my kin er wol hast om in flesse út, want soks is net fol te hâlden. Nim no it berjocht dat hjirûnder stiet.
Getuigen van een vuurwerkongeluk in Zaandam hebben geweigerd hulp te bieden aan een 12-jarige jongen. De politie vroeg omstanders water te halen om de brandwond van de jongen te koelen, maar aan dat verzoek gaf niemand gehoor. De jongen was geraakt door vuurwerk. In afwachting van de ambulance verzorgden agenten de jongen.(NU.nl)
Jo lêze dit en wolle hjir wat bestekliks yn positive sin oer melde? Sukses. Of jo moatte alle negative berjochten net mear lêze, dat falt net ta, want it gros is no ienris negatyf, of jo moatte sa'n dissipline ha dat je der yn it iepenbier, op Twitter dus, neat oer sizze.
Ditsoarte berjochten? Het roept aan de spreeuwen, soe de redakteur út Bokwerd yn It Belang setten ha.

Reacties
Een reactie posten