Unwennich nei 2012

Wylst it yn Verkhoyansk niis -51 graden wie, sitte wy wer yn sa'n typyske Hollânske winter te griemen. We ha krekt in kilometer as fiif te kuierjen west, der drave manlju en froulju yn koarte mouwen oer de dyk. Der leit gjin snie, alles is grien en as it sa troch giet, waakst it gers.
Ik wit net, in kreakjende froast sit der leau ik net yn, wylst dat wol goed wêze soe. Efkes de froast der oer, dan is alles wer skjin en kreas. It wetter dript fan de beammen, alles is fiis en damp. Neat foar my.

It makket my ûnwennich nei 2012. Witte jim it noch? Iis sa tsjok dat der oer De Tocht praten waard. Ik bûn de redens ûnder op de Feanhoop en die in slach oer Grou, Akkrum en Aldeboarn. Doe oer it Polderhoofdkanaal oer Beets wer op nei it Polderhûs.

Lit der asjeblyft in bytsje fan dy Sibearyske kjeld hjirhinne komme. Ik wol ride.

Reacties

  1. 2013 duorret noch al 363 dagen, Stikelstekker, der komt noch wol wat!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts