Jongesboek, spylje mei in band
Drachten, 2-1-2013.
Je soenen sizze, in bloch mei dy datum der boppe sil wol in ferfelend ferhaal oer in nijjiersresepsje wurde. Mar nee, hiel wat oars.
Justerjûn wie ik tegearre mei junior al om seis oere yn kafee Scooters oan de Noardkade yn Drachten. Net om ús kroadedronken te sûpen, mar om muzyk te meitsjen.
Sûnt in skoft sitte wy op gitaarles, en juster wie der in jûn, organisearre troch de muzykskoalle. Jo koenen yn it iepenbier, en dat is hiel wat oars as op in keamerke thús, in nûmer meispylje yn in echte band!
En as der dan trije konservatoarium muzikanten jo op sleeptou nimme, manmanman, wat in feest. In echt jongesboek foar my. Mei de soundcheck hie ik it pikefel al op de earms. It foel my op dat der mear fan myn leeftyd op les sitte, ik tocht dat ik de iennichste mei in midlife crisis wie, mar nee, in feest der herkenning.
Der kin net al te folle mis gean, de fersterker net al te lûd, dan falle de flaters net op. Mar wat in machtich gefoel, foar it earst yn in kroech meidwaan. Ien nûmer, dat wie samar om, mar dochs. Twa froulju dy't op sjongles sitte moasten Don Henley neidwaan, yndie, Hotel California.
Dat nûmer duorret in minút as sân, wol ik leauwe, mar drummer Sicco Kloosterman en Nathaniel van Veenen, de gitaarlearaar fan junior en my, gienen aardich los doe't we oan Joe Walsh syn solo ta wienen. Wat in machtich prachtich gefoel.
Jim ha wol troch, dy hiele skriuwerij, dat bodzjen op stille kantoarkes en studearkeammerkes is hielendal neat mear oan. Ik wol yn in band!!!
De jongedame lofts, mei gitaar, jawis, junior. *grutsk*
Dat it in tige serieuze saak is, kinne jo op dizze link sjen. Haha! https://www.facebook.com/photo.php?fbid=402142293202279&set=a.402141623202346.91653.103220409761137&type=1&theater
Reacties
Een reactie posten