Boer ôf
Lêstendeis hie ik in petear mei twa minsken. Dat komt faker foar, mar dit wie wol bysûnder te neamen. De lêste kear dat ik mei se praten hie, wie yn de simmer fan 1987. En dan ek noch oan de oare kant fan de Atlantyske oseaan. No hoegde ik der mar fyftjin kilometer om te riden. Ik wie doe in jonge fan in jier as njoggentjin, no in fyftiger dy’t normaal sprutsen mei de twadde helte dwaande is. Se koenen myn gesicht net mear, wol hienen se in âlde foto opskarrele fan ús besite yn dy Kanadeeske simmer, mar dêr stie ik net op. It praat gie oer eartiids, want dat wie myn doel fan de besite. Sa as ik ferwachte hie, fleach it petear alle kanten út, in soad brûkbere ynfo ha ik net krigen, mar de middei wie der net minder moai om. In wike as wat lyn krigen wy it berjocht dat ien fan ús geiten deagien is. No wenje wy yn in hûs dêr’t geiten op it hiem net by past, mar op papier wienen we noch altyd in bytsje boer. Us bistjes ha in geweldich plak krigen neidat we nei It Feen f...