Reinbôgen okee, mar bliuw fan ús flagge ôf.

Reinbôge In slinger fan reinbôgen tusken de tuorren. Alle bankjes en kûpstuoltsjes yn reinbôge-kleuren opfervje. De tuorren sels ek. Gjin inkel probleem. Om my fervje we it gers fan it Sjûkelân ek yn reinbôge-kleuren. De ballen: ek daliks in reinbôge yn printsje. Der is gjin inkel ekskús om net sjen te litten dat wy minsken net wolkom hjitte, hoe’t se ek binne, fan wa’t se ek hâlde. Gjin inkel ekskús. De wanten meie ek in moaie reinbôge op nifele wurde, alle keatsers yn in shirt mei in reinbôge. It span Fryske hynders mei in dek op yn reinbôge-kleuren en de koets, plus de koetsier, alles mei utering jaan oan it feit dat we hjir in iepen Mienskip binne. Lit dêr gjin inkel misferstân oer bestean. Hooplik ha ik no Ate mei deselde achternamme as ik en Abe de Vries, syn maat, oertsjûge fan it feit dat ik harren stribjen nei lykweardichheid yn hast alles stypje. Werklik hast yn alles. En de reden ha ik in skoft lyn alris opskreaun. Ken uw geschiedenis: It is tiid ...