De Bûterhoeke kin net ferkeapje

Mei niget de speech fan de foarsitter lêzen.

Op de Omrop sei Tiemersma dat skriuwers mear sels de boer op moatte om harren boeken te ferkeapjen. Anny de Jong sei dat de promoasje fan boeken in taak fan de útjouwer is.

Utjouwers ha yn 'e regel gjin jild om boeken yn de merk te setten. Dêrmei bedoel ik dat se sichtber wurde yn de krante ensafh. Utsein de FPB en sa no en dan in Afûk boek (oer Grutte Pier bygelyks). Dus hat de foarsitter in punt as er seit dat skriuwers der sels mear oan dwaan moatte. Foarbylden binne der. Skriuwers as Kootstra en Zwier ferkeapje harren boeken by optredens of op merken.

Dat lêste hat in gewoane oan it wurk wêzende skriuwer net oan tiid.

Dat earste is net foar eltsenien weilein. Dat mis ik yn de speech fan de foarsitter. Net eltse skriuwer is in smoute prater lykas Gjalt de Groot of Hylke Speerstra. Guon dy't de meast prachtige boeken skriuwe kinne, skite sân kleuren as se op in poadium moatte.

Skriuwe we dy dan mar ôf wegens 'niet geschikt'? Dan kin fansels net.

Neffens my soenen de útjouwers folle mear op de sosjale media sichtber wêze moatte. Dêr sitte de jonge lêzers. Fan Twitter, Facebook en desnoads Linkdin kin folle mear gebrûk makke wurde. En moat ek mear gebrûk fan makke wurde. De papieren kranten wurde minder lêzen, dump dy boeken op de digitale siden. Meitsje se sichtber.

En organisearje wer in sutelaksje. Op hokker wize dan ek. Stel in keapman oan by Tresoar en lit dy dêr mei oan de slach. Want wat je der ek fan sizze, boeken ferkeapje kinne se dêr by Tresoar net. Nim ik harren net kwea-ôf, mar it is al sa. Dêr sil wat oan dien wurde moatte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen