KNVB nuveraardichheden

 



Frjemde boel. Je moatte in kop as in almanak ha, mar it soe sa wêze kinne dat SC Hearrenfean har snein troch te ferliezen pleatst foar de Europa-league.

Dat druit yn tsjin alles dat mei sport te meitsjen hat. De regels fan de KNVB soargje foar dit idioate senario. As ik it goed begryp komt bekerwinner PSV as stoarsinder om 'e hoeke. As de ploech út Lampegat twadde wurdt, binne se pleatst foar de foarronde fan it miljoenenbol, de Champions-league. Mar dan komt it, de ferliezend bekerfinalist is dan spekkeaper, Heracles nimt it plak fan PSV yn de Europa-league oer. En dat is dan wer in probleem foar de oaren, der falt ien plakje fuort.

Om koart te kriemen: Feyenoord moat eins twadde wurde. En it soe kinne dat It Feen dat sels regelje kin. Dan steane je dus foar in dúvelsk dilemma. Winne, sadat je sels neat ha, of mei opsetsin ferlieze. Mmm... Ik stel my dan foar hoe't de sfear yn sa'n klaaikeamer is. Wat gnize? Of eins it smoar yn?

Lokkich is alles ôfhinklik fan woansdei. Want yn al dizze plannen hat It Feen yn gedachten al efkes mei FC Twente ôfrekkene. En lit ik foarsichtich sizze dat my dat no net al te foar de hân lizzend liket. Mar wy sille sjen.

As it al sa komt, kommende snein, moatte wy mei syn 26.000 dan omheech as Feyenoord yn de lêste minút frije trochgong kriget en de yn it foar ôfsprutsen nul-ien makket?

Ik gean fiif minuten foar de ein nei hûs. Ik wol soks net oansjen. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen