Dan maar de lucht in, sei Van Speijk

In frjemde boel hjir. Wy ha al in jier as tsien guozzen, mar in eksimplaar sa as dy't we no ha?
De dame sit te brieden, op ien aai. Dat is ekonomysk besjoen net al te tûk, mar dat moat se sels mar witte.

Juster hienen we in bistedei, om samar te sizzen. De hinnen yn bad, omdat se ûnder de luzen sieten.Wat hûnesjampo yn in amer mei lij wetter, de wytweiten hinnen efkes kopke ûnder en neidat se opdroege binne is der gjin lús mear te sjen. Tige effektyf. Fan 'e moarn al wer twa aaien, se knappe der ôfgryslik fan op.

Ien fan de lângeiten rûn slim kreupel. No is it wol wat in oansteller, as ik mei in bakje biks rattele, rûn er as in ljip, efkes letter stuts er de iene foarpoat de loft yn en draafde op trije poaten. Sjoch my ris kreupel wêzen, sa sawat. Nei in yngreep mei in Stanley-mes ek grutte foarútgong nei in nacht sliepen.

Goed. Dan dy guos. Se bliuwe altyd kreas op de grûn, op syn mâlst wjukkelje se in meter as wat. No, dizze net. Hy gie op 'e wjukken en fleach sa oer de dyk nei buorman syn greide. Healwei de jûn kaam er skytskoarjend ús kant wer op. De oaren roppe, dat it wie in moai konsert. Wy der efteroan, mar de ferkearde kant út, fansels. Hy kuiere de dyk út. Hast oanriden troch in auto, wa ferwachtet yn it skimer no ek in gâns op de wei, no?

Se siet dus niis wer pontifikaal op dat iene aai. Teminsten, oant wy dat konstatearren. Daliks wer de loft yn en poater. Ik jou it op. Se sil hjoed wol werom komme, en oars mar net. Der sit ien op tsien aaien te brieden, dus ien mear as minder falt aanst net mear op.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen