Oesdrip

'Heit, wat is dat?'
Ja, dêr moast ik dus it antwurd op skuldich bliuwe. Ik hie in oantal fragen krigen, mar wist net de bestjutting fan de namme fan it blêd dêr't it yn komme soe. Blamaazje.
Opsykje, en wat stie der: reinwetter dat fan de daksrâne dript. Hoe betinke se it! It is wol in moai wurd, dêr net fan. Foar in Hollanner soe it ek wol Turksk wêze kinne. Ien as oar lekker drankje of sa. Sjochst it al foar dy? Op it hite sân fan Alanya?
'Pilske?'
'Nee, doch my mar in oesdrip.'
Knappe keardel dy't dêr in gleske fol fan sammelje kin mei tritich graden yn it skaad.

De twadde betsjutting is humoristysk bedoeld, mar as ik der lêst fan ha bin ik meastal net sa'n humorist. Ik ha in bloedhekel oan noasdrip. Dêr ha 'k tefolle ruften foar folsnuten. Ja, jim lêze it goed, wy snotteren by it ruftfol. In goede Fries is altyd ferkâlden, no dan koenen de de Jongkjes der wat fan!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen