Posts

Sturtwaskje

Afbeelding
Wy binne ein july. Hjoed belle ik efkes mei heit, niis wie op facebook in diskusje oer pakketpost op snein. Sa kaam ik dus op sturtwaskjen... Skriuwer moat hast wol in ekwivalint foar nuvere gedachtekronkelsbetinker(scrabble?) wêze. Goed, sturtwaskje dus. Ik gean efkes 25 jier werom yn de tiid. Of sa. Komt net op in jier oan. Hûnsdagen op Pauwenburg, oan de Marijkemuoiwei yn Brongergea, Oranjewâld. Broeisk waar, tusken de beamwallen. Tige geskikt foar pinken om stutsen te wurden en wrang op te rinnen. Wrang is, dit foar de net pinkehâldende Stikelstekkerlêzers, in ûntstekking oan it jaar. Meastal sa slim dat de F. Herder der oan te pas komme moast en it earme bist in oer ferspile. Aaklich wurk, jo rûnen de kâns om in flinke skop fan it bist te krijen, mar as de rommel der út koe, wie it in opluchting foar de pinke. Hûnsdagen, mei miggen dy't omraak stutsen. Net heit syn grutte freonen, dy miggen. Wy molken op stâl en dan wie de gewoante om de sturten fan de kij kreas oan de lin...

Toskedokter

Afbeelding
En sa hingje jo om 08.14 yn ûnmacht. In skoftsje lyn hie der al kontrôle plakfûn, dêrút kaam dat der wat ferfongen wurde moast en de rest mocht wol efkes goed troch de waskstrjitte. Antical troch it sjipsop, sis mar. No smook ik al oardel jier net mear, mar de kofje kin ik mar min stean litte, dus sil der altyd wol wat kalk efterbliuwe. Dus wie de kombinaasje in goed plan. En skjinmeitsje en ien kies opnij behoffenje. Soks plenne jo om 08.10, omdat de kâns dat se dan al in oere útrinne aardich beheind is. En sa wie it ek. Fjouwer minuten kin hinnebruie. Earst nei de waskerij en kalkbikkerij. Frysktalich frommeske, dat is yn it mondaine Drachten al in bonus. Net dat je in soad beprate kinne, jo lizze mei de mûle iepen nei in plaat fan de Simsons te loeren en priuwe algedueren mear bloed yn de snappert, mar foar it gefoel is it krekt efkes oars. 'Jo meie de holle wol efkes nei my tadraaie,' en braaf dogge jo dat. In healoerke, doe glom alles wer. Wat der mei dat bekerke wette...

Ferwizing: Nederlân is in bananerepublyk

It bloch fan hjoed stiet  hjir

Boek

Afbeelding
Ynkoarten yn de winkels

Maitsen en oar komkommernijs

Mei ik jim der efkes op wize dat de hûnsdagen begûn binne? Foar de wat jongere lêzers fan Stikelstekker, de hûnsdagen is in tiidrek dat fan 20 july oant 20 augustus duorret. It binne de dagen dat de griene kontener lûd jout. Dat komt troch de maitsen, dy't, as je goed harkje, al knisperjend dwaande binne om harren takomst as blauwe miggen ta te rieden. Se slikje yn slachoarder de binnenkant fan de kontener skjin. Jo kinne der tige mei te fiskjen, efkes de hân troch de kontener en je ha foar in dei genôch. It binne de dagen dat in stikje ham, dat oars wol in wike yn de kuolkast lizze kin, der nei fjouwer dagen sels út rinnen komt. De dagen dat alles bedoarn is foardat je it witte. Dy dagen ha ek as skaaimerk dat der nuvere berjochten yn de media komme. It saneamde komkommernijs. Dat der in Grinzer acht jier lang twa meter ûnder de grûn yn in bosk yn Drinte wenne hat of sa. Of dat Douwe Visser John Jorritsma in tút jout as er foar de 850e kear kampioen wurden is. Plat op de bek...

Stifting Tsjil is der klear foar.

Afbeelding

Stevie Wonder ~ Superstition

Afbeelding