maandag 21 juli 2014

Maitsen en oar komkommernijs

Mei ik jim der efkes op wize dat de hûnsdagen begûn binne? Foar de wat jongere lêzers fan Stikelstekker, de hûnsdagen is in tiidrek dat fan 20 july oant 20 augustus duorret.

It binne de dagen dat de griene kontener lûd jout. Dat komt troch de maitsen, dy't, as je goed harkje, al knisperjend dwaande binne om harren takomst as blauwe miggen ta te rieden. Se slikje yn slachoarder de binnenkant fan de kontener skjin. Jo kinne der tige mei te fiskjen, efkes de hân troch de kontener en je ha foar in dei genôch.

It binne de dagen dat in stikje ham, dat oars wol in wike yn de kuolkast lizze kin, der nei fjouwer dagen sels út rinnen komt. De dagen dat alles bedoarn is foardat je it witte.

Dy dagen ha ek as skaaimerk dat der nuvere berjochten yn de media komme. It saneamde komkommernijs. Dat der in Grinzer acht jier lang twa meter ûnder de grûn yn in bosk yn Drinte wenne hat of sa. Of dat Douwe Visser John Jorritsma in tút jout as er foar de 850e kear kampioen wurden is. Plat op de bek.
Of dat der in mystearje fan jierren lyn oplost is, de bline papagaai fan buorfrou Sytsema kaam samar wer thús. Sûn en wol. Fiif jier op de kletter west.

Datsoarte nijs.

Dit jier is alles oars. De B is ferfongen troch in nuver sylteken. Sels Huzem is net mear 14e. Mar de maitsen binne der noch wol. Lokkich mar. In minske kin oars safolle feroarings has net oan.
 

1 opmerking: