Sturtwaskje

Wy binne ein july. Hjoed belle ik efkes mei heit, niis wie op facebook in diskusje oer pakketpost op snein. Sa kaam ik dus op sturtwaskjen... Skriuwer moat hast wol in ekwivalint foar nuvere gedachtekronkelsbetinker(scrabble?) wêze.

Goed, sturtwaskje dus. Ik gean efkes 25 jier werom yn de tiid. Of sa. Komt net op in jier oan. Hûnsdagen op Pauwenburg, oan de Marijkemuoiwei yn Brongergea, Oranjewâld. Broeisk waar, tusken de beamwallen. Tige geskikt foar pinken om stutsen te wurden en wrang op te rinnen. Wrang is, dit foar de net pinkehâldende Stikelstekkerlêzers, in ûntstekking oan it jaar. Meastal sa slim dat de F. Herder der oan te pas komme moast en it earme bist in oer ferspile. Aaklich wurk, jo rûnen de kâns om in flinke skop fan it bist te krijen, mar as de rommel der út koe, wie it in opluchting foar de pinke.

Hûnsdagen, mei miggen dy't omraak stutsen. Net heit syn grutte freonen, dy miggen. Wy molken op stâl en dan wie de gewoante om de sturten fan de kij kreas oan de line te hawwen. Oars sloegen se troch de jarre en as it trof krigen jo in flik om de holle. Sa no en dan gie der wolris in sturt los, troch it ferwoeste giseljen tsjin de miggen. Meastal barde dat nachts, wêrtroch't de ko de heale nacht de stâl mei jarre fersiere koe. Ik sil jim sizze dat in skilder der jaloersk op wêze soe. Brún, fan de flier oant de souder, en de kij njonken de sturtkrimineel wienen ek sa fiis as de sykje. De boer en/of de melker wienen dan net bliid.

As de kij op stâl kamen, wie ien fan de earste putsjes altyd om der nije sturtfrissels yn de flechtsjen. Fan pakjetou. En dat dienen je net yn smoarge sturten, mar dy waarden dan earst wosken. Mei lij wetter en griene sjippe.

Dan stie it fee yn in himmele bûthûs, mei skjinne sturten, mei nij hea of kuil foar harren. Dy rook en dat byld sil nea wer by my weigean. Foaral it ôfljochtsjen foar de nacht wie in feest. De kij, fol fretten en foldien, leinen te wjerkôgjen yn nij, farsk strie. Pûste en blaze fan klearebare noflikens. En as it mids jannewaris wie, kamen de earste nije Fryske reabûnten. Dy sobben dan op jo hân.




 

Reacties

  1. Ik ryd noch geregeld lâns it plak wêr't jim pleats stie. Kin noch wol foar de geast krije hoe as it wie. Ik in kear mei de losse hûn en jim krekt de kij binnen helje. Fûnen jim net sa geweldich, in losse hûn. Kin ik no wol snappe, it spyt my.
    Hast hjir boppe moaie tiden beskriuw!
    Gr Jenny

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'