Toskedokter

En sa hingje jo om 08.14 yn ûnmacht.

In skoftsje lyn hie der al kontrôle plakfûn, dêrút kaam dat der wat ferfongen wurde moast en de rest mocht wol efkes goed troch de waskstrjitte. Antical troch it sjipsop, sis mar. No smook ik al oardel jier net mear, mar de kofje kin ik mar min stean litte, dus sil der altyd wol wat kalk efterbliuwe. Dus wie de kombinaasje in goed plan. En skjinmeitsje en ien kies opnij behoffenje.

Soks plenne jo om 08.10, omdat de kâns dat se dan al in oere útrinne aardich beheind is. En sa wie it ek. Fjouwer minuten kin hinnebruie. Earst nei de waskerij en kalkbikkerij. Frysktalich frommeske, dat is yn it mondaine Drachten al in bonus. Net dat je in soad beprate kinne, jo lizze mei de mûle iepen nei in plaat fan de Simsons te loeren en priuwe algedueren mear bloed yn de snappert, mar foar it gefoel is it krekt efkes oars. 'Jo meie de holle wol efkes nei my tadraaie,' en braaf dogge jo dat. In healoerke, doe glom alles wer. Wat der mei dat bekerke wetter bard is, ik ha gjin idee, mar efkes de mûle spiele dogge se hjoeddedei net mear oan. Alteast net yn Drachten, myn referinsjekader is net folle grutter. Lokkich mar.

Goed, dat wie fase ien.

Ik hie al in skoft lêst fan dy kies, mar woe it net sizze. Ha ik hjoed al dien. It koe sa wêze dat de rommel lek wie, sei de toskedokter. Of der siet earne in skuor, mar dat soe er wol efkes besjen. Hy woe mar los, mar dat ferpof ik al jierren, earst in klap mei de slaaie, ik lit net domwei immen yn myn ark omboarje as ik dêr pine fan ha. No, dat wie mar goed ek. Sels troch de ferdôving hinne skeat it my oan de ankels ta. 'Gaat het nog?' Ja, jong. Boarje mar ta.

No, dat duorre ek in foech 20 minuten. Dan steane jo mei in ferdwaast gesicht bûtendoar. 'Moaie dei noch,' sei de assistinte.

As ik dit skriuw is it 11.35. De ferdôving sit der noch yn. Ik wit dus net hoe't it ôfrûn is, mar der stiet noch in flesse bearenburg yn de kelder. By needgefallen jûn te brûken.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'