Posts

Gabriela Soukalova sjongt Scarborough Fair

Afbeelding
  Dat net alle sporters iensidich binne wisten wy al. Guon fuotballers spylje gitaar, in inkele eks tennisprof sjongt. Mar yn it biatlon wie ik noch net earder in atlete tsjinkaam dy't, wylst har karriêre amper los is, al op youtube te finen wie. Op de foto sjogge jim de Tsjechyske biatlete Gabriela Soukalova, fan 1-11-1989. Hjoed wie se twadde by de efterfolging yn Poklijuka, Slovenie. En dat se ek aardich sjonge kin, lit se yn de fideo hearre.

Mindset en commitment

It is oars net myn gewoante, mar der binne grinzen, en dus sjit ik efkes yn it defensyf. Komselden ha ik in kollum lêzen dêr't mear klisjees en steriotipen yn stienen dan yn it stikje fan Jantien de Boer yn de LC fan hjoed. De helte fan de befolking wurdt fuortsetten as efterlike debilen dy't oars net dogge as yn iten tinke. Se litte harren as lytse bern troch de frou oanklaaie, hingje mei sekkerige konten tsjin winkels oan. Mar leaf wêze is ek wichtich, beslút frou De Boer. Mar jo wolle der net mei op bêd. As kollumniste fan de LC skynt se in soad minsken oan te sprekken. Dat sil dan grif it Vijftig Tinten Grijs folk wêze. De Story en Privé lêzers. De kwasy feministes dy't net út de kast komme, want wat soenen se der fan sizze. Dat folk. No, frou De Boer, dêr wol ik ek net mei op bêd. En ik tink dat wy hjoed stamppot ite. Dat geeft inhouden.

Riemer van der Velde

Goed, Riemer van der Velde hie him goed taret op it petear yn Boppeslach kafee. Dat wol sizze dat er eins in healoere neat sein hat. Op himsels al in keunst, mar dat is in kwestje fan dissipline. Foar de goede fersteander wie der tusken de rigels troch genôch te hearren. In ûndersyk moat der komme, hammere Van der Velde. Troch eksterne minsken. No, dan witte jo wol hoe't er der oer tinkt, liket my. Mar hy hat it net sein, dus in keurich petear. Slimmer is it artikel op de foarside fan de LC fan hjoed. Brood en spelen, dan bliuwt it folk rêstich. Nim de jildsjitters mei, triuw der wat drank en in djoere gehakbal yn en elts is bliid. No, nee dus. De goed nijs show wie sa lek as in tjems. Maskere bal, lies ik. Trijekwart wie not amused. Sponsors binne net gek. Maarten de Jong, Gerald Sibon en de supporters ek net. Hjoed hearde ik dat dy foarsitter, sa't Riemer sei, net de foarsitter, ús foarsitter, nee, dy foarsitter net berikber wie om te reagearjen op wat der geande is. Fans...

Ramspoed of rampspoed

Hedenochtend werden wij bij het lemieren van de dag opgeschrikt door grote rampspoed die over ons gekomen was, en door de vandaag de dag daarbij behorende overdwaalse berichtgeving hebben wij ons alhier tot in de tenen vermaakt, enige bevroren druppels water op een (1) wegdek bleek reeds ruim toereikend om het mensdom tot wanhopige hoopjes ellende te transformeren mochten zij zich heden geroepen voelen zich per auto van de polle ergens in een krimpgebied te verplaatsen naar één van onze metropolen die, naar wij allen weten, het episch centrum der arbeid hier te verrichten zijn overgebleven, echter moeder natuur wil dit aangaande nog wel eens met de nodige gramschap betrachten de zaken hiervoor beschreven, om het maar eens zacht uit te drukken, te laten ontsporen, dit zou op hemzelf noch geen probleem zijn, mochten de chauffeurs van hun ouden hebben overgekregen dat zulks hier op deze platte pannenkoek met enige regelmaat voorkomt, en het dus niets is om u al te zeer over op te winden, ...

It bêste nûmer fan de ôfrûne jierren? Yes! Ben Howard - Keep Your Head Up

Afbeelding

De Rabobank fallyt?

Afbeelding
  Omke Rabobank stiet ûnder tafersjoch. Doe't ik dat lies skrok ik. Soe it min gean? Aanst myn sinten fuort (foarsafier't ik dy ha). Noch nea ha ik yn de media en kranten heard of lêzen oer nuvere bokkesprongen fan de Coöperatieve Centrale Raiffeisen- Boerenleenbank B.A.   De Boerenleenbank. Myn boekje wie gielich fan kleur, mei gouden letters as it my net mist. Elts jier yn de bernesparwike de sparpot oer de kop en mei in waardeloas kado wer op hûs oan. Jim sille it tafriel ek wol kenne. En no ûnder tafersjoch. Stie op de foarside fan de LC. 800 miljard euro op de balâns. Yn 1972 is de namme Rabobank ûntstien, nei in fúzje tusken de Coöperatieve Centrale Raiffeisen-Bank en Coöperatieve Centrale Boerenleenbank. Je krije der dochs wat in unheimisch gefoel by. Mar it grutte Brussel hat besletten dat soks moat. Om eskalaasjes foar te wêzen. En by SNS, ING en ABN sjocht big brother ek mei oer it skouder. No moatte wy der dus mar fan út gean dat yn Brussel de kennis sit...

Steve Earle - Copperhead Road

Afbeelding