Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Justerjûn yn Thialf frege immen my oft ik noch drok oan it skriuwen bin. Ik skodholle en moast tinke oan wat ik dêr oer skreaun ha. Dus eins skriuw ik soms noch wol wat.  





De lêste tiid bekrûpt my mear en mear it gefoel dat wy live tsjûge binne fan it begjin fan de omkearde evolúsje. It sil net lang mear duorje, dan binne wy foar in part ôfhinklik fan A.I. omdat it minskdom sels net mear neitinke kin en eins ek net mear de lust hat om dat te dwaan. Reklame op TV ropt: ‘originality is overrated’. Dus orizjinaliteit wurdt oerskatten. Kopiearje is better, sa sizze de hippe marketeers fan Etoro. Mei oare wurden, tinkers, filosofen, frijbûtsers, keunstners en skriuwers dy’t sels mei oplossings komme binne net mear nedich.





Nimmen giet der tsjinyn, nimmen klaget ditsoarte bedriuwen oan, alles wurdt mar gewoanwei foar wierheid oannaam. Gjin wûnder dat A.I. net folle tiid nedich ha sil om de toutsjes yn hannen te nimmen. O, A.I. stiet foar Artificial Intelligence, of wol keunstmjittige yntelliginsje.

God mei witte wat der bart as dy A.I. sa troch ûntwikkele wurdt dat er sels op de stoel fan ûntwerper, skriuwer, fersoargjende yn de terminale soarch en even letter, as de polityk en ûntwerpers de tiid ryp achtsje, as rjochter sitten gean mei. Tinke jim dat soks net barre sil? Tink noch mar ris. Robots yn de soarch sille al hiel fluch in stik fan it wurk oernimme. En der komt grif in ‘progressive’ politikus dy’t fynt dat de wachtlisten by de rjochtbanken te lang binne en dat foar ‘standaardvergrijpen’ A.I. in prima helpmiddel wêze kin. In masine kin alle nuânse en ynlibbingsfermogen útskeakelje en puur op ynfierde feiten en koördinaten útspraken dwaan.

Foarbyld: Immen rydt 50 kilometer te hurd. Standert fergryp, soenen jo sizze. De A.I. seit: rydbewiis kwyt en in fikse boete. De masine kin net ynfiele dat de persoan ien yn de auto hat dy’t al trije miskreamen meimakke en no’t nei acht en in heale moanne de fluezen brutsen binne de oprop fan de behanneljend spesjalist folget en as in duvel nei it sikehûs giet. Ambulânse belje, hear ik it doogfolk (o, sorry foar it wurd) al wer sizzen: Nee, dy oanrydtiid soe fataal wêze foar de lytse poppe. Wat folget binne einleaze hegere beroppen tsjin oerheidsmuorren dy’t like dik binne as by de taslaggen en it Grinzer gas. Maatwurk is in lestich (lês: ûnmooglik) wurd by oerheden en miskien ek by A.I as dy troch de oerheid programmearre wurdt?  

Wannear fynt sa’n A.I. robot dat de soarch lang genôch duorre hat? Wa stoppet de ekonomyske parameters yn sa’n ding? Is dat ôfhinklik fan it budget dat de neibesteanden fan de pasjint te besteegjen ha? Neam it mar in skrikbyld, yn de praktyk is it in searje knopkes yndrukke om wat gegevens yn te fieren en klear. Wat dêr de gefolgen fan wêze kinne? No, simpel. Nei in oantal jierren komt der in ûndersyk (want der komt altyd in ûndersyk) dat útwiist dat minsken dy’t op de bepaalde partijen stimme yn de praktyk langer libje. En de konklúzje dy’t dêrút folget is: dat je better op dy partijen stimme kinne, want ûndersyk wiisde út dat je dan langer libje! Kolder? Nee, hear. Want framing is in no al tige ynboargere fenomeen, dat sil allinnich mar slimmer wurde. A.I. as nije mjitlatte fan hoe lang beskaving duorret yn ferhâlding mei de kosten dy’t it mei him meibringt.

 Net sa lang lyn bazele in jongedame fan in partij dy’t ik no net neame sil ergens yn in talkshow dy’t ik net sjoen ha mar dy’t my letter troch de strôt drukt waard dat ‘We blij moeten zijn dat een groot deel van onze wetgeving uit Brussel komt.’ Net ien yn de seal hie oanstriid om te freegjen wêrom’t we dêr dan bliid mei wêze moatte soenen. Net ien. En soks soarget by my foar in unheimisch gefoel. Politisy dy’t glêshurd lige, fuort-dûke yn harren mobyl by persoanlike ferhalen, meidogge oan it parlemintêre WK ‘ongeïnteresseerde houding aannemen’ en sa kin ik wol trochgean. It is soarchlik, ús demokrasy hat net faak sa ûnder druk stien as no. Ynstjoerde stikken mei in oare kijk op saken wurde net pleatst. Kollumnisten mei in ôfwikende miening wurde betanke en ôfservearre. Ek yn Fryslân.    

Ha jim de film Bridge Over The River Kwai wolris sjoen? Ik seach him lêstendeis foar de safolste kear en koe de fergeliking mei de polityk fan hjoed de dei net ûnderdrukke. In koarte gearfetting, oersetten troch Frysker:

 

Begjin 1943 arrivearret in kontingint Britske kriichsfinzenen ûnder lieding fan kolonel Nicholson yn in Japansk finzenkamp yn Tailân. Kommandant fan de Amerikaanske marine Shears fertelt oer de grouwélige omstannichheden. Nicholson ferbiedt alle ûntsnappingspogingen om 't se troch it haadkertier syn befolkjen har oer te jaan, en ûntsnappingen sjoen wurde kinne as it negearjen fan befelen. Ek makket de tichte omlizzende jungle ûntsnapping hast ûnmooglik. Kolonel Saito, de kampkommandant, lit de nije finzenen witte dat se allegear wurkje sille, sels offisiearje, oan de bou fan in spoarbrêge oer de rivier de Kwai dy 't Bangkok en Rangoon mei-inoar ferbine sil. Nicholson makket beswier en ynformearret Saito dat de Konvinsje fan Genève offisieren frijstelt fan hânwurk. Neidat de manskippen nei de brêge marsjeard binne, driget Saito de offisieren delkomme te litten, oant majoar Clipton, de Britske medyske offisier, Saito warskôget dat der tefolle tsjûgen binne om mei moard fuort te kommen. Saito lit de plysjes de hiele dei yn de yntinse hjitte stean. Dy jûn wurde de plysjes yn in strafhutte pleatst, wylst Nicholson slein en opsletten wurdt yn in izeren kiste. Shears en twa oaren ûntsnappe. Allinnich hy oerlibbet, hoewol 't er ferwûne is. Hy dwaalt in Birmaansk doarp binnen, wurdt wer sûn en berikt úteinlik de Britske koloanje Ceylon. It wurk oan de brêge ferrint min, sawol fanwege de breklike Japanske technyske plannen as fanwegen it trage tempo en de opsetlike sabotaazje fan de finzenen. Van Saito wurdt ferwachte dat er rituele selsmoard docht as er net oan de flugge neidering foldocht. Wanhopich brûkt er de jierdei fan de oerwinning fan Japan yn de Russysk-Japanske oarloch yn 1905 as ekskús om syn gesicht te rêden; hy kundiget in algemiene amnesty oan, wêrby 't er Nicholson en syn offisieren frijlit en har frijstelt fan hannearbeid. Nicholson is skokt troch it minne wurk fan syn manlju en jout opdracht ta de bou fan in echte brêge, mei de bedoeling dat dizze iuwenlang in earbetoan wêze sil oan de fernimstigens fan it Britske leger. Clipton makket beswier, yn de oertsjûging dat dit gearwurking mei de fijân is. Nicholsons obsesje mei de brêge driuwt him der úteinlik ta om syn offisieren frijwillich hânwurk dwaan te litten. Shears genietet fan syn ferbliuw yn it sikehûs yn Ceylon, net-wyld binnen in kommandoskoalle dy 't " Force 316 " neamd wurdt (nei alle gedachten basearre op de echte Force 136 fan de Special Operations Executive (SOE ). Majoor Warden fan SOE nûget Shears út om diel te nimmen oan in kommando-missy om de brêge te ferneatigjen sadree 't dy klear is. Shears besiket út de missy te kommen troch te bekennen dat er him foardie as offisier, yn de hoop op in bettere behanneling troch de Japanners. Waarden antwurdet dat er it al wist en dat de Amerikaanske marine dermei ynstimd hie om him oer te pleatsen nei de Britske SOE mei de simulearre rang fan majoar om ferlegenheid foar te kommen. Shears realisearret him dat er gjin kar hat en meldt him oan. Waarden, Shears en twa oare kommando's parasjutespringen Tailân binnen; ien, Chapman, stjert nei 't er yn in beam fallen is, en Warden rekket ferwûne by in moeting mei in Japanske patrûlje en moat op in draachstoel droegen wurde. Hy, Shears en Joyce berikke de rivier op 'e tiid mei help fan Siameeske froulike dragers en harren doarpsholle, Khun Yai. Under dekking fan it tsjuster plantsje Shears en Joyce eksplosiven op de brêgetuorren. In trein mei wichtige pommeranten en soldaten sil de oare deis as earste de brêge oerstekke, en Warden wol beide ferneatigje. By it oanbrekken fan de dei is it rivierpeil lykwols sakke, wêrtroch in part fan de tried dy 't de eksplosiven ferbynt mei de ûntstekker bleat komt te lizzen. Nicholson sjocht de tried en bringt it ûnder de oandacht fan Saito. Wylst de trein tichterby komt hasten se har nei de revierskant om it te ûndersykjen. Joyce, dy 't de ûntstekker bemant, ferbrekt dekking en stekt Saito dea. Nicholson ropt om help wylst er besiket foar te kommen dat Joyce de ûntstekker berikt. Wannear 't Joyce ferwûne rekket troch Japansk fjoer, swimt Shears nei de oare kant, mar wurdt sels delsketten. Nicholson herkent Shears en ropt út: " Wat ha ik dien? " Waarden fjoeret in mortier ôf, wêrby 't Shears en Joyce om it libben komme en Nicholson deadlik ferwûne rekket. Stjerrend knoffelet Nicholson nei de ûntstekker en falt op de plunjer, wêrtroch 't de brêge opblaasd wurdt en de trein de rivier yn raast.  

In lieder dy’t formaliteiten wichtiger fynt as de realiteit.

In lieder dy’t yn sa’n tichte bubbel sit dat it pas as er hast deagiet by him daget wat er dien hat. It is in skrikbyld, krekt as de A.I. en de omkearde evolúsje. Mar earlik sein bin ik der net gerêst op. De brêge dy’t de bestjoerders no foar eagen ha is yn folle oanbou. Myn hoop is dat der noch genôch minsken sûnder A.I. en mei sûn ferstân omrinne dy’t (op in demokratyske wize) dy brêge opblaze.




 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Russen