Besunigje op kultuer, ja of nee?

Besunigings, wol as net terjochte?

 

It wachtsjen duorre mar in dei as twa, je koenen de klok der op gelyk sette. As ergens it wurd besunigings falt, is de oansprutsen sektor daliks ree om de oerheid oan te sprekken op it feit dat se no dochs wol hiel dom dwaande binne. De gebrûklike opmerkings komme foarby: ‘Dit komt hard aan’ ‘Onbegrijpelijke keuzes’ ‘Geschokte reakties’ ‘Verbijsterend’ ‘Een harde klap’ ‘Dieptriest’ 

 

Binne dy reaksjes terjochte? Ik neam even in foarbyld. Besunigje op de soarch is ien fan dy maatregels dêr’t Keamerbreed en yn alle kranten, praatprogramma’s en oare media steefêst fûl op reagearre wurdt. Is dat wol terjochte? Antwurd op dy fraach is nee. Want der is in wrâld te winnen as it op soarch oankomt. It jild giet foar in grut part nammentlik nei lagen yn de organisaasjes dêr’t lju wurkje dy’t út klearebare ferfeling neat oars witte te produsearjen as nije protokollen dêr’t ‘de handjes’ oan de bêden harren dan wer oan hâlde en yn byspikerje wurde moatte mei djoer produsearre E-learnings. Dêr binne miljoenen en miskien wol miljarden te besunigjen troch dy kolder der út te filterjen. Want it giet net om al dy oerstallige betochte lagen dy’t gjin inkel idee mear ha oer wat der yn de echte soarch frege wurdt, nammentlik oandacht foar de pasjint yn fysike foarm, in praatsje mei immen yn de lêste faze fan harren libben. Dêr is gjin tiid foar omdat de protokollen foarskriuwe hoefolle mominten (lês: minuten) je deis mei ien dwaande wêze meie. De besunigings yn de soarch geane altyd foarby oan dy neatsizzende en oerstallige lagen dy’t der in keunst fan makke ha om harren eigen baantsjes yn stân te hâlden. It komt der dus op del dat as der al besunigings trochfierd wurde, dy altyd ten koste gean fan it wurkfjild, dêr’t krekt jild by moat.

Mar om te sizzen dat der gjin besunigings mooglik binne, slacht as in tange op in baarch. It freget inkel bestjoerders dy’t de moed ha om al dy nammeleaze protokolskriuwers in skop ûnder de kont te jaan en de sektor wer yn de rjochting te driuwen dêr’t se foar is. Soarch.

 

It wie yn dit ramt dan ek gjin nijs dat de kulturele sektor as in bok op de hjouwerkiste sprong omdat de provinsje snije wol yn de budzjetten. In artistyk direkteur, in algemien direkteur, noch in direkteur, noch ien en noch in stik as wat mei fier boppe modale ynkommens reagearren rûchwei sa as ik yn de earste alinea beskreau (allegearre sitearre yn it NL😇). Is kultuer dan net belangryk? Fansels wol. Hartstikke belangryk. Mar it spyt my dat ik it sizze moat, it is krekt as mei de soarch. It gros fan de Fryske kultuer wurdt troch ‘de handjes’ betocht, organisearre en útfierd. En dy meie dêr romhertich by stipe wurde, sy binne de koark dêr’t it Frysk eigene op driuwt (au). Meastal is dy stipe trouwens net iens nedich, omdat it lokale bedriuwslibben wol yn dat gat springt. Soks ûnder it kopke: de gunfaktor.  

 

Nije wike lekker nei Oerrock. dat is fierwei it grutste festival yn Fryslân. En nimmen fan dy organisaasje fertsjinnet der sels ek mar in sint oan. Ik set der wol even in linkje by, dan kinne jim sjen wat Mienskip yn Oerterp en fiere omkriten betsjut. 

https://oerrock.nl/sponsoren/


 

No gean ik mar in dei as wat yn in kelder sitten. 😉    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen