Hâld Fryslân moai

 




Soms is it goed as je in skoft ergens net komme kinne. Dat klinkt nuver, mar it soarget der foar dat je mei nije eagen sjogge nei wat je earder as ‘normaal’ beskôgen. No’t de corona-maatregels foar it grutste part ôfskaft binne, wie der wer ris tiid en gelegenheid foar in reiske nei Den Haag. De bekerfinale iishockey yn in útferkochte Uithof. Hartstikke moai, mar de reis dêrhinne wie dat net.

Geandewei de rit sakke my de broek ôf. Wy binne der mei syn allen yn slagge om ús Nederlânske lânskip foar in grut part hielendal nei de soademiter te helpen. 200 kilometer lang dogge jo de eagen sear fan alle freeslike ellinde dy’t yn in koart skoft troch projektûntwikkelers mei goedkarren fan bestjoerders oeral del plante is. 

As je by De Lemmer de polder yn ride begjint it al. Fan de earste oant de lêste meter binne de Noardeast- en Flevopolders ien grutte oanienskeakeling fan wynmûnen. De kânsleazens om ea noch wat moais fan Flevolân te meitsjen is wurdt mei eltse draai fan eltse mûne nei gychem holpen. Ik soe net graach greide- as trekfûgel wêze as ik troch dy brij fan gehakmûnen troch moast. It is werklik gjin gesicht. Lit stean dat ik der wenje wolle soe.

By de mammoeten begjint dan de troch in soad minsken as it walhalla beskôge Rânestêd. België wie altyd in foarbyld fan wat we hjir net ha moasten, mar wy ha yn Nederlân keazen foar de oertreffende trep fan alles dat foei, mar dan ek echt foeililk is. Dramatyske rigen yndustriële blokken en freeslike lûdswâlen. Dy moatte de kompleet sielleaze nije wenwiken dy’t yn it boerelân ploft binne beskermje tsjin de oanhâldende stream fan mobiliteit. Ek de Thalys knalde as in op hol sleine slange by Schiphol del, dêr’t it in kommen en gean fan loftfersmoarging wie.

Op sa’n stuit sakket je de moed yn de skuon oer hoe’t wy mei syn allen troch minsken mei dollartekens yn de eagen foar it lapke holden wurde. Dizze 200 kilometer trochrinnende fersmoargjende en sear oan de eagen dwaande, dramatyske, sielleaze string oan ellinde is pas dien as je by De Lemmer Fryslân wer yn ride. Opslach wurdt alles rêstiger. Ja, wy ha hjir en dêr ek al de flaters makke dy’t se bûten ús provinsje manmachtich makke ha, mar it is noch te oersjen. Wy ha no noch de beskikking oer ús aller, aller grutste kapitaal. Romte! En it goede nijs is, dat it ek noch ris neat kostet. Ik freegje my wolris ôf oft deputearre Avine Fokkens op har lobbyreiskes nei deselde stêd as dêr’t wy snein hinne wienen, wolris út it raam fan har tsjinstauto sjocht. Of út it rút fan de trein. En dat se dan suchtet: ‘Ja, dit is wat wy ha moatte. Dit is sa moai.’ 

Wy kinne ús prachtige provinsje ien kear ferkloatsje. Tsjin alle minsken dy’t no noch fine dat it wol wat tafalt en dat we echt dy Lelylijn en it Deltaplan ha moatte soe ik sizze: Gean ris op in snein nei Den Haag en sjoch net op jim telefoan, mar út it raam. Dat is wat ús te wachtsjen stiet as we dizze bestjoerders harren gong gean litte. Oar jier binne der Provinsjale ferkiezings. Lit troch jo stim witte dat we te wiis mei ús romte binne om it foar iens en foar altyd fuort te smiten. No moat der noch in partij opstean dy’t de moed hat om echt foar Fryslân te kiezen.        

 

It Hearrenfean

Ferdinand de Jong

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen