Boer ôf

 


Lêstendeis hie ik in petear mei twa minsken. Dat komt faker foar, mar dit wie wol bysûnder te neamen. De lêste kear dat ik mei se praten hie, wie yn de simmer fan 1987. En dan ek noch oan de oare kant fan de Atlantyske oseaan. No hoegde ik der mar fyftjin kilometer om te riden.

Ik wie doe in jonge fan in jier as njoggentjin, no in fyftiger dy’t normaal sprutsen mei de twadde helte dwaande is. Se koenen myn gesicht net mear, wol hienen se in âlde foto opskarrele fan ús besite yn dy Kanadeeske simmer, mar dêr stie ik net op.

It praat gie oer eartiids, want dat wie myn doel fan de besite. Sa as ik ferwachte hie, fleach it petear alle kanten út, in soad brûkbere ynfo ha ik net krigen, mar de middei wie der net minder moai om.

 In wike as wat lyn krigen wy it berjocht dat ien fan ús geiten deagien is. No wenje wy yn in hûs dêr’t geiten op it hiem net by past, mar op papier wienen we noch altyd in bytsje boer. Us bistjes ha in geweldich plak krigen neidat we nei It Feen ferhuze binne. Mar se wurde âld, dus falt der wolris ien by wei. Dizze kear wie it Bianca, myn favorite geit dy’t ik al in jier as tsien as eftergrûn ha op myn byldskerm. Wy ha de Rendac berjocht dien om har op te heljen en daliks de stap ek mar setten om ôfstân fan de oare geiten te dwaan. Ik ryd der alle wiken wol in kear del, dus ferjitte doch ik se net.

In dei as wat letter belle der ien fan it ministearje dy’t sjoen hie dat we de bisten oerskreaun hienen nei in oar. It hawwen fan in UBN nûmer wie dêrmei net mear nedich en jo betelje der alle jierren wol foar. Dus ha ik it ferfalle litten.

 Foar stadjers en oaren dy’t gjin idee ha wat dat geastlik mei in boeresoan docht, ik sil net iens besykje it út te lizzen, want dat hat mei gefoelens te krijen dy’t je fan generaasje op generaasje meikrigen ha. Dêr hat de hjoeddeistige bestjoerslaach neat mei, fandêr it gemak wêrmei’t der oer boeren praten wurdt. Se fiele net de messkerpe pine dy’t troch je hinne giet as dwazen lykas Herman Gallé harren ferbale stront op it www koarje. Se fiele net wat it docht as in Tjeerd de Groot stiet foar ‘Wij gaan de veestapel halveren’.  Hy wennet tsjintwurdich ek noch yn ús provinsje, it is om je dea te skamjen.

 Geandewei it petear mei de beide minsken, kaam it praat op de superheffing fan Gerrit Braks yn it jier 1984. De earste kear yn myn libben dat ik sels meimakke hoe goar, fiis en mislikmeitsjend polityk wêze kin. It totale brek oan maatwurk leverje kinne is my doe as jongeman fan 15 jier iepenbiere. En ik seach dat de eagen fan myn gesprekspartner fjoer skeaten doe’t we it oer dit ûnderwerp krigen. It bliek de reden te wêzen wêrom’t se eartiids nei Kanada emigrearre binne. Dat wist ik net. Pinkegryp yn 1983, dus minne produksje yn it jier wêryn’t it kwotum fêststeld waard. Hast itselde ferhaal as dat fan myn heit, de reden wêrom’t ik gjin boer wurden bin. Gjin inkele moederaasje út Den Haach wei, alles platprogramearre der trochhinne raamd.

De patroanen binne my yn de rin fan de jierren hiel helder wurden. In eks rektor sei in kear tsjin my: ‘De oerheid is de meast ûnbetroubere partner om saken mei te dwaan.’

 Ik bin boer ôf. Lokkich mar, ik hie no ek gjin boer wêze wollen. Mar de kar is doe foar my makke troch politisy dy’t der totaal gjin gefoel by ha. En dat docht sels nei hast fjirtich jier noch sear. Foaral omdat it no wer bart. En wy litte it opnij barre.        

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen