Superheffing

Ien april 1984. In datum dy't ik net gau ferjitte sil. Sterker, ik sil him nea ferjitte. It is de datum dy't de takomst foar my feroare hat. It wie it jier 1983 dat wy op it prachtige stee Pauwenburg yn Oranjewâld te krijen hienen mei sykte yn it fee.

Doe't lânbouminister Gerrit Braks bekend makke dat krekt dat jier as graadmjitter fungearje soe foar de yn te fieren superheffing, hie ik der noch betrouwen yn dat de oerheid wol nei de situaasje fan heit syn fee sjen soe en dêr dan romhertich mei omgean.

Neat wie minder wier. Der wie gjin ferwin op mooglik, de molkplasse út 1983 min noch in fiks oantal liters mocht heit produsearje. Ik siet op de lânbouskoalle, folslein tsjin it sin fan myn haadmaster, mar dat koe my neat ferhippe. Ik wie fan doel om it Frysk readbûnte beslach fee fan heit oer te nimmen en dêr op dy moaie Fryske stâl te melken.

Dat koe ik mei de sifers oer 1983 wol ferjitte. Der siet gjin droech brea yn. Boppedat wie it kwotum sa leech dat liene om mear by te keapjen der ek net yn siet. Myn dream foel oan stikken. De polityk wie net gefoelich foar yndividuele gefallen, sa as hast altyd waard alles oer ien kaam skeard.

Fan dy tiid ôf ha ik altyd kritysk west op  de polityk en de politisy, of minsken dy't dêr graach foar trochgean wolle. It folslein ûntbrekken oan oerwicht en fermogen om oer de partijdissipline en regeltsjes hinne te stappen is oant hjoed de dei ta in neil oan myn deadskiste.

Der binne útsûnderingen.

Doe't de frou en ik hjir yn Boarnburgum kamen te wenjen, woenen wy wol in winkeltsje begjinne yn bistefoer. Wy (sa grien as gers) gienen nei Inez Pultrum, de wethâlder fan de gemeente Smellingerlân. Dy sei: 'Moai plan. Begjin mar, de rest komt wol.'
Wy ha pas nei dat de winkel ticht gie fernaam dat der eins nea wat oer op papier stien hat. Pultrum seach oars nei saken, de amtners dy't ik der letter oer sprutsen ha, krigen polityk korrekt pikefel doe't ik earlik sei hoe en wat. Se stuiteren der hast oer. 'Dat hie fansels nea sa mochten...'

Nee, it sil wol.  

No sil it kwotumsysteem ôfskaft wurde. Heit en mem ha mei de ferkeap fan it heale kwotum noch net iens sa min buorke en dat gunde ik harren tige. Mar myn dream fan earlike politisy mei ynlibbingsgefoel en empaty foar it folk dat se fertsjintwurdigje, wy stimden altyd op Braks syn CDA, hat doe sa'n grutte knoei krigen dat ik, en dat spyt my tige, altyd mei arguseagen nei guon besluten sjen sil. En nei guon politisy. Foaral nei types dy't mar wat roppe en oer saken kedize dêr't se gjin fluit fan witte. Yn Fryslân is ek in kategory fan dy opportunisten. Se strike in bak mienskipsjild op en laitsje harren fjouwer jier lang slop. En as de ballon nei fjouwer jier net mear opgiet of lek stutsen is, is der altyd wol in sit yn it wetterskip foarhannen, dêr witte se harren dan handich yn te wrotten. En wy moatte it ûnder it kopke demokrasy ek noch goed fine. Ik skyt der op.

Ideology? Dat is foar domme minsken. Dy snappe it net.

En no? No falt de kwotumregeling fuort. Dêrmei ek de rem op de molkeproduksje. Ik ha yn de suvel wurke, ik wit noch fan de bûterbergen en de Braderije.

Wylst alle boeren no halleluja roppe, sille se oer tsien, fyftjin jier mei de tosken knarse. Want ik wik jimme dat de fraach nei suvel út Afrika en wit ik wêr wei aanst yn elkoar donderje sil. Troch hokker reden dan ek. Oarloch, oerproduksje, tongblier, in ynfierferbod om in idioat artikel oer Allah of syn profeet? Wa sil it sizze.

Doemdenker? Wachtsje mar ôf. As de rem fan it produsearjen ôf is, sil der in Iselmar oan molke by molken wurde. En hjoed as moarn of oer in jier giet dat wer hopeleas mis. Minsken skine net te learen fan de skiednis. Dan moat alles wer foar dumpprizen fuort en falt de molkpriis ek yn Fryslân hielendal ûnder de kostpriis.

Ik bin troch de superheffing gjin boer wurden. Dat die my freeslik sear, want dêr hie ik echt nocht oan. Mar wat der no oan stiet te kommen is in werhelling fan alles dat yn de jierren foar dat de superheffing der wie, mis gie. Want de superheffing wie hast in garânsje foar in goede molkpriis. Net foar my, mar dat hie in oare reden. Dêr meitsje ik my noch altyd lilk om, of eins ek wer net. It hat gjin doel mear.   


  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen