Mûzen dy't net omlyk wolle

Nee, dit giet net oer de mûzen dy't it boerelân ferniele, mar oer myn mûs fan de kompjûter. Sjoch, nei krapoan in heajier al begjinne mei keunsten te fertoanen is freegje om problemen. Wat wie it gefal?
Myn nije Acer Aspire mei alle toeters en bellen is in prachtich apparaat. Hy streamt live hockey- en fuotbalwedstriden, hy slacht kollums op as ik se skreaun ha en hy lit my de meast prachtige bluesrock hearre.

Jo meie wol sizze dat wy maten binne, myn Acer en ik.

No sit der oan in eintsje koarde in mûs oan it ding, want dat betsjinnet wat makliker. En dy mûs krige kuren. Ferhipte rare kuren. Hy hipte as in echte mûs oer it skerm, soarge der foar dat de muzyk ûnderbrutsen waard en de kompjûter hast net te betsjinjen wie. Daliks fansels op Facebook in fraach oer skreaun, mar dêr kaam inkel it bekende ôfwaaide praat op. Wat dat oanbelanget foldocht Facebook altyd oan de ferwachtings.

Myn mûs net. Om de 15 minuten moast de USB der út en der wer yn, dan die er it wer in kertierke. Om stapelgek fan te wurden.

Lokkich binne der ek minsken dy't echt ferstân fan dat guod ha en goed advys jouwe. Mar doe kaam it. Ik ha myn systeem nei in earder plak yn de tiid setten. Echt wier. Systeemherstel hjit dat. Foar in digibeet as my is soks boartsje mei deadsferachting, want oft it ea wer goed komt is yn 't foar net te foarsizzen. Der ferskynde in dramatyske list mei alles dat ik kwyt wêze soe as ik op 'doorgaan' klikte. Mar dy mûs op dizze wize knapte ik ek net fan op, dus trochsette.

Nei fiif kear opstarte sei Windows dat er hast klear wie. No, ik noch net.

Myn Word en oare office boel fuort. Koe gjin dokumint iepenje. Myn mail? Gjin idee, it soe der noch earne wêze moatte, mar hoe en wat? Myn Fryske wurdboek? Foetsie. En sa noch folle mear. Dus earst myn OFFISJELE office pakket út 2007 wer fan de skiif op de Acer setten. 25 tekens aktivearringskoade fierder en: Klear.

Witte dy minsken by de Fryske Akademy wol dat de nije staveringshifker foar my dus net wurket? Allinnich by office fan 2010 en heger stiet op harren side. No, dan mar net. Of se moatte my in yllegale kopy jaan, want ik bin fierstente bliid mei myn fertroude Word, Power Point en Excell om dêr in kapitaal foar út te jaan. In ZZPer yn 2015, no? Dan witte jo it wol. Schrale Hans is keukenmeester...

Hawar, wy dwale ôf.

E-mail is dochs wol fan belang, dus doe ha ik dêr mei dwaande west. Krige ik 1456 mails binnen, haha! Lokkich wie de kompjûter noch mar in healjier âld, oars hie er daliks kaboem dien. 850 twitterberjochten sieten der by. Prachtich om werom te lêzen, mar hjoed net. Verwijderen, dus.
Mar de mail docht it wer. Ik ha allinnich gjin verzonden items mear, mar dat komt noch wol. Ik wie al sa grutst as wat dat ik it password noch wist. (nei 15 kear mis gokt te hawwen, dat dan wel weer)

No wurket allles wer goed. De mûs is no trije oeren yn bedriuw en docht syn plicht wer. Der moatte dallinnich noch wat saken werom setten wurde. Ik ha in backup fan alles op in externe hurde skiif mar ik ha nei oardel oere sykjen en griemen belies jûn. Gjin idee hoe't ik dat wer op de desktop krije moat. Dus op ien lyts stikje ferline nei binne wy wer werom yn it digitale heden.

Hânmjittich de tiid en steat fan jo kompjûter werom sette nei it oere en tiid dat er noch goed sûn wie. Koe dat mei guon minsken ek mar. Ik wit der wol ien.










Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen